Новое лето
Nou is ’t yn oafgean fen ’e tiid;
Natuer dy laket daechlyks minder,
Noch ’n inkle kear, weamoedig bliid.
Whear oars de folle ieren bruwsden,
Dat ’t eech mei wolgefollen seach,
Whear mei ’n onijndichheit fen tinten,
Ien sinneblinkje oer hinne teach;
Niks mear fen soks, gjin inkeld holmke.
It fjild is leech, onhueslyk leech;
It twaspan gjit mar alle dagen
Dearop, ind swart is ’t mei ien feech.
Ik ha myn nocht om dear to kuyrjen,
Ik my de leeche deadscens dear;
Ik sykje onder iik ind boeken,
De daer forlerne simmer whear.
Ind dear formeitse ik my noch tige;
Dear ha ik nocht oan frucht ind grien;
Dear libbet noch Natuer yn staetsje;
Dear heth de simmer noch net dien.
De koetsebeyen hingje yn troppen,
As wier ’t ien reade druewetros,
Ien keppel bloedkoralen lykje ’t,
Sa tige yn folle reade blos.
Ind what forsceidenheit fen tinten;
What rykdom wol fen kleur ind gl;ns:
Ien fjild fen goudgiil ynne fjirte,
Fen ljacht oranje oan de yketr;ns!
Dear ien party, dy swymt nei ’t bruene,
Troch ’n griene bledsjetrop oafset!
Ind whear ien oar plak dat noch ’t folle
It friske simmergriene heth.
Ind den dy lije wearme loftstroom,
Dy swietsjes uet it sueden komt,
Ind saeft as wier ’t mei donsen wjokken,
Ien groete bringt fen ’t least geblomt!
Leauw mar, dat ik dear wille smeitsje!
’t Is yn myn hert ien sinneblink,
Fen echte freuchde ind ’k ha genot noch,
Sa faek as ik dear noch oan think.
Свидетельство о публикации №224070900569