Ôðèñëàíäèÿ 1926
***
Ynh;ld
IT FOARSTE TAFRIEL
IT TWADDE TAFRIEL
IT TREDDE TAFRIEL
IT FJIRDE TAFRIEL
IT FYFTE TAFRIEL
IT SECHTE TAFRIEL
IT SAUNDE TAFRIEL
IT ACHTSTE TAFRIEL
IT NJUGGENDE TAFRIEL
IT FOARSTE TAFRIEL
STIMMEN YN IT WALD.
IT FORRIZENDE FRYSLAN.
DE DREAMEN.
DE DIEDEN.
DE TIID.
DE STOF.
DE GEAST.
De seame fen in w;ld op in moarn yn Maeije. Foar, in blommegreide
oprinnend nei de foarste beammen. De r;mte twiske de stammen stiet fol
mei tichte strewellen, op ien st; nei, d;r’t heal ;fditsen fen de nij
bigriene twigen, in paed ;t it w;ld ;trint op de greide.
IN STIMME sjongende yn it w;ld.
Myn herte is koel en suver
Allyk in mar moarnsier;
It fielt yn s;fte huver
De dei syn kr;ft en tier.
It ljocht mei t;zen strielen
Oerstreaket al syn wiid;
O frjemd en noegjend fielen,
O gouden Maeije-tiid!
IN STIMME klinkend fen lofts.
Hwa is hja, dy’t sjongt yn it griene w;ld fen de Maitiid?
IN STIMME anderjend fen rjuchts.
Frysl;n, it langjende.
DE STIMME YN IT WALD sjongende.
Myn herte fielt to rizen
It ;nwearsteanber ljocht;
De wyn yn kleare wizen
Hat my de wytging brocht.
It stiet alhiel omringe
Fen tsjoenend ljocht-gewiuw;
It kin noch wol bitwinge
Syn eigen djippe driuw.
IN STIMME klinkend fen lofts.
Hwa is hja, dy’t sjongt yn it wide ljocht fen de Moarn?
IN STIMME, anderjend fen rjuchts.
Frysl;n, it stridende.
DE STIMME YN IT WALD, sjongende.
Ik scil myn finznis brekke,
Myn iensmens is net mear;
Myn hert, myn hert is wekke
En al syn great bigear;
It djippe w;ld ;ntteine,
Wol ik de dei yn gean;
Sa mei de heechste seine
Oer al myn wegen stean!
IN STIMME, klinkend fen lofts.
Hwa is hja dy’t sjongt mei it rike l;d fen de Frijheit?
IN STIMME, anderjend fen rjuchts.
Frysl;n, it forrizende.
De twigen, de yngong fen it paed heal oerfrisseljend, wirde fen in h;n
fen siden dien. Men sjucht Frysl;n, jong en strieljend, mei loshingjend
hier, yn in klaed fen ljochtsjend goud. Hja biskadet hjar eagen mei de
h;n, en seit:
FRYSLAN.
Kom harren, jim dy’t myn libben diele, kom harren, myn teare Dreamen en
myn sterke Dieden. It is wier hwet ik fielde; foar ;s leit de iepenens
fen de wr;ld. Wy forlitte it skaed fen ;s bosken, wy scille stean yn it
greate ljocht fen de dei. It libben is bigoun for ;s. Kom harren en
stean n;st my, det wy sjugge hwet foar ;s leit ear’t wy fierder geane.
Hjar folgje trije famkes, forskinings yn wyt, de Dreamen, en trije
jonges, forskinings yn grien, de Dieden. De dauwe fen de moarn leit yet
oer hjar hier. Hja geane stean oan wearskanten fen Frysl;n, en yn ienen
slacht de foarste Dream de hannen foar hjar eagen.
FRYSLAN.
Hwet hast;, ljeave, hwet hast;, myn teare Dream?
DE DREAM.
Sa sterk is it ljocht fen de Dei, o myn Frouwe.
FRYSLAN.
Treastgje it dy, it scil ek dy bisterkje, it scil dy kr;ft jaen en
dijen dwaen, it scil dy meitsje ta wierheit.
Nou stekt de foarste Died syn earmen foar;t, as yn in great langstme.
FRYSLAN.
Hwet hast;, frjeon, hwet hast;, myn sterke Died?
DE DIED.
Sa f;l langje ik to gean yn it greate ljocht, o myn Frouwe.
FRYSLAN.
Byn yn, it is nedich detst; d;r hoeden giest, it l;n fen dyn wegen
kennend, en in wiis br;kme meitsjend fen dyn kr;ft. It is nedich det wy
witte hwer’t wy steane, hwer’t wy hawwe scille to arbeidzjen, to
striden en to ljeavjen. Biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dreamen,
biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dieden.
DE FOARSTE DREAM.
Ik sjuch in l;n, ditsen fen griene w;lden; de wyn fen de greate dei
r;zet s;ft troch hjar krunen. Hy bringt de wytging fen ien, heger as de
minsken, fen ien, heger as wy. Ik sjuch in l;n mei w;lden, dreech,
suver en grien, en alles is d;r wijing.
DE TWADDE DREAM.
Ik sjuch in l;n, trochwoun fen glinsterjende streamen. De wyn fen de
dei tsjoent in s;ft libben deroer, de strielen glinsterje en forsjitte
d;r t;zenf;ld. Ik hear it gel;ster fen dy streamen en it wevet in liet
yn de s;ft-trochr;ze stiltme.
DE TREDDE DREAM.
Ik sjuch in l;n, omboerde fen blauwe s;en. Hja bistreakje en bistoarmje
it, hja binne it ta fij;n en frjeon. Oan de giele grinzen binne hja
ien, dit l;n en dizze s;en. Ik sjuch in l;n, wrakseljend, om n;st de s;
to bistean.
DE FOARSTE DIED.
Ik sjuch in folk, libjend yn de gl;ns fen syn moarntiid. Hichten smyt
it op tsjin it wetter; d;rop bisteane hja, de minsken togearre mei hjar
f;. De keppels weidzje yn it grien fen de greiden. Ik sjuch it antlit
fen dit folk, en it wytget trou.
DE TWADDE DIED.
Ik sjuch in folk, jeijend yn de sk;l fen syn w;lden. Mear as it dimmene
wirk, mear as hjar deistige soarch is hjar dj;r. Hja siikje it wyld yn
hjar w;lden, en hjar herten ljeavje it avent;r. Ik sjuch it antlit fen
dit folk, en it wytget moed.
DE TREDDE DIED.
Ik sjuch in folk, gearstreamend op de rop fen syn lieders. Frjemden
tsjugge ta op hjar grinzen, mar hja blieze de hoarnen en slagge de
skylden, en hja binne ien. Ik hear ;t hjar m;le de striidrop: ljeaver
dea as slaef. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget kr;ft.
FRYSLAN.
Goed hawwe jim sk;ge, o myn Dreamen, klear hawwe jim wytge, o myn
Dieden. Sa bistiet dit alles, myn l;n en myn folk, sa bistiet dit alles
yn Frysl;n. Mar hwa is hy mei it b;gde stal, swier lynjend op syn st;f,
dizze mei de griis-streamende hierren? Komst; om Frysl;n groetenis to
dwaen, o myn ;lde?
Fen rjuchts komt op in ;ld man yn silveren klean en mei lang griis
hier. Hy b;gt swier oer syn st;f, mar yn syn eagen en l;d is klearens.
Syn hier is ditsen mei in kr;nse fen jimmergrien.
DE ALDE.
Ik kom om dyn groetenis to hearren, o Frysl;n. Mines binne de fjilden
d;rst; nou yn stiest to gean. Wis jowt it foech, det de swalker de
Kening groetenis docht.
FRYSLAN.
Gjin groetenis scil ik dwaen, d; ;lde, ear’t ik net wit detst; mear
bist as ik. Siz my dyn namme, en ik scil dyn weardichheit kenne for
hwet hja is, en dy eare dwaen lyk ast; fortsjinnest.
DE ALDE.
Ik bin for hwa’t de blom bloeit en forwylget, for hwa’t de iik riist en
rottet, for hwa’t de folken rize en forgean. Ik bin de hearsker fen
alles hwet ierdsk is, ik bin de Tiid.
FRYSLAN.
Gjin groetenis scil ik dy dwaen, o Tiid. Nea scil ik net ynskikke,
detst; mear bist as ik. Hy, dy’t dy r;p to bistean, r;p ek my to
bistean; Hy, dy’t dy skoep, skoep ek my. Net ;nder dy scil ik libje,
mar ;nder Him ;t hwa’t wy beide binne.
DE ALDE, b;gend ta de klaedseam fen Fryslan.
Sa groetsje ik dy, o Frouwe. Wiis hast; andere; ik frege om dy to
hifkjen, mar dyn wearde is wier as goud. Gean yn greatens oer myn
fjilden en biwarje dyn witten.
FRYSLAN, hjar h;n lizzend op it hier fen de ;lde.
Sa groetsje ik dy, o Tiid. Machtich bist;, en de slachten fen de
minsken learst; de wiisheit. Ik scil myn witten biwarje, mar de frucht
fen dyn fjild scil ik net foarby gean. Mar hwa binne hja, dy’t d;r
komme fen wearskanten, ien yn swier read, ien yn trochskinend wyt,
beide in kroane dragend yn hjar h;n? Siz d; my, hwent d; witst.
DE ALDE.
Dizze, klaeid yn swier read en de skat fen de ierde dragend yn syn h;n,
is in greate macht, en syn namme is Stof. Jinge, klaeid yn trochskinend
wyt, en de gl;ns fen de himel dragend yn syn eagen, is in greate macht,
en syn namme is Geast.
Fen wearskanten forskine de Stof en de Geast, lyk as Frysl;n en de ;lde
hjar sjoen hawwe. De Stof draegt yn syn hannen in kroane fen blinkend
goud, sierd mei in greate bloedreade ealstien; de Geast allyksa ien fen
skimerjend silver, blinkend mei in great-ljochtsjende pearel.
DE STOF.
Earst; gean scilst yn de wr;ld fen de minsken, kies myn kroane, o
Frysl;n.
DE GEAST.
Earst; gean scilst yn de wr;ld fen de minsken, kies myn kroane, o
Frysl;n.
FRYSLAN.
O w;ndere rykdom, ho kin ik jim wearde trochgrounje! Forklearje my de
wearde fen hwet jim biede, det ik kieze kin yn witten.
DE STOF.
Dizze is de kroane dy’t it lichem draegt, en hja jowt macht oer de
ierde. Dizze is de kroane dy’t de greaten earje en d;r’t it folk for
b;gt. Dizze is de kroane dy’t dy stean dwaen scil mank de kenings fen
de ierde.
FRYSLAN.
Neam my dizze stien, read as it bloed fen de minsken, o Stof.
DE STOF.
Ut it bloed fen de minsken is hja ;ntstien. Alle oare stiennen
ljochtsje fen de Dea, mar dizze is de stien fen it Libben.
DE GEAST.
Dizze is de kroane dy’t de siele draegt, en dy’t hjar tilt boppe de
ierde. De folken binne blyn for hjar, de greaten glimkje om hjar, de
kenings kenne hjar net. Mar hja is ;nforgonklik, en de Tiid is
machtleas tsjin hjar.
FRYSLAN.
Neam my dizze pearel, gl;nzgjend mei in ;nwitten gl;nze, o Geast.
DE GEAST.
Hja is de pearel dy’t gjin minske ken en gjin wize grounet. Hja is
;nskeinber, hja is hillich. Hja is de pearel fen it myst;ry.
FRYSLAN, mimerjend.
It myst;ry? Ik wit net hwet it is. Yn myn w;lden bloeide it libben, it
is it libben, det ik ljeavje. Ik haw gjin iepenbiering oer hwet b;ten
en boppe it libben is. Ik kin dyn kroane net kieze, o Geast. Mei de
kroane fen de macht op myn hier, mei de stien fen it kostlikste yn myn
kroane, scil ik ;nder de minsken gean, o Stof. Kroanje my mei de kroane
dy’t ik keas, o Tiid.
DE ALDE, de kroane fen goud settend op it hier fen Frysl;n.
Keazen hast;, o Frouwe; draeg dizze kroane yn greatens. Lit it herte dy
sterk w;ze en it each dy klear. De minsken hjar greatens scilst;
priizgje en hjar lytsens forflokke; hjar sillichheit scilst; smeitsje
en hjar ilinde trochfiele. Gean dyn wegen yn greatens, o Frysl;n.
Fen in ;nsjenber koar forriist in sjongen det de romte forfollet:
SANG.
Fier de wide doarren iepen,
Meitsje r;m en klear de wei;
Hinnegien de tiid fen sliepen,
Rizend, great en eal, de Dei—
Gean, o foltsen, gean, o swide,
Foar dy leit de w;ndre wr;ld—
Gean, yet yn dyn dream forblide
Dy’t dyn dei bisletten h;ldt!
Under it twadde fers giet Frysl;n, stil en steatlik, folge fen hjar
Dreamen en Dieden, d;r’t de Stof him by oansl;t, oer de greide lofts.
De Tiid en de Geast eagje hjar nei, steande oan wearskanten foar de
w;ldseam. Den tilt de Tiid syn st;f omhegen en kindiget mei greate
stimme:
DE TIID.
Nou bigjint de skiednis fen Frysl;n.
De foarhing sl;t.
IT TWADDE TAFRIEL
GERMANICUS, fjildhear fen Rome.
VITELLIUS, in st;f-ofsier.
CETHEGUS, in kriichsfeint.
SIGURD, in jonge Fries.
Tsjuster; den in plak ljocht foar de foarhing. Op det st; forskynt in
herold, ;trist yn de kleuren fen Frysl;n en in trompet h;ldend yn de
h;n. Hy bliest ienris en kindiget oan:
„Yn it jier fen ;s Hear 15, oan it Boarndjip yn Frysl;n. Yn de tinte
fen Germanicus, oanfierder fen de legioenen fen Rome.”
De herold giet en de foarhing giet iepen. Men sjucht de tinte fen
Germanicus, wyt en skjin, mar mei de greatste ienf;ld ynrjuchte.
Rjuchts in r;stb;d mei tek, bihearske fen in byld fen Mars. Tsjin de
efterkant stiet in great blinkend skyld. Lofts in lytse fjouwerkante
tafel fen in poarperen klaed ditsen; d;refter twa ienf;ldige houten
sitten; op ien d;rfen de legaet Vitellius, digerjend oer in greate
;tr;lle kaert, dy’t er foar him oer de tafel ;tspraet h;ldt. By de
yngong stiet, yn h;lding fen r;st, de trib;n Cethegus.
Vitellius, de ;nderoanfierder, is in bihindige militaire figuer, twiske
de fjirtich en de fyftich. Syn praet is saeklik en droech; it is mar
inkeld det der yn syn wirden neat mear fen de bifeltoan trochklinkt; it
kommandearjen is him in twadde nat;r wirden. Lykwols is er mear as in
rouwe izerfretter: in man dy’t syn hiele libben ynset hat for de
greatens fen Rome en for hjar it swiere tsjinstwirk nei syn b;ste
witten neikomt. Krekt nou is er in bytsje koartkearich; op dizze tocht
troch Frysl;n hat er in fork;ldenens skipe. Hy ;nderfynt it l;st
d;rfen, mar achtet it net fiks det skine to litten. Yet in hoart
digeret op ’e kaert om; den, hommels, rjuchtet er him ta de trib;n.
VITELLIUS.
Trib;n Cethegus!
CETHEGUS, yn de h;lding.
R;, hear.
VITELLIUS.
Bring de skipsofsieren it folgjende oer. Ik bifelje hjarren de greatste
foarsichtigens. Us kaerten lykje my tige ;nfolslein. Wy binne hjir yn
in noedlike kontrei....
Hy pr;st in pear kear forheftich; de trib;n skrillet derfen.
CETHEGUS.
By de greate Juno! hwet skeelt de legaet?
VITELLIUS, st;f.
Freegje nei de bifellen, net nei de persoanlike omstannichheden fen dyn
oersten. Lyk as ik sei, wy binne yn in noedlik l;n. De s; stean ik yet
minder. Ta gjin priis moat it forb;n twiske leger en float forlern
gean. De wyn is ginstich; de skippen moatte d;rfen profitearje en
;tsile; it leger scil folgje. Byn de skipsofsieren op it hert det hja
sa ticht m;glik by de igge bliuwe.
CETHEGUS.
Jy winskje hjar dos yn it sicht to h;lden.
VITELLIUS.
Ta eltse priis. Inoar hjir kwyt to reitsjen bitsjut beide nei Pluto to
gean. Bring myn l;st oer yn krekt deselde wirden, trib;n. Jy kinne
gean.
CETHEGUS.
Ta jins tsjinst, hear.
Hy giet ;f troch it seil mids efter, en forsommet it alhiel wer to
sluten; sadr;’t Vitellius dit sjucht, ropt er de trib;n l;d efternei:
VITELLIUS.
Trib;n Cethegus!
CETHEGUS, wer forskinend
Hear?
VITELLIUS.
Sl;t de yngong. Alhielendal.
CETHEGUS.
Forjow, hear. Ik tocht, om’t it Maitiid wier.
VITELLIUS.
Ik haw myn bikomst fen dizze Fryske maitiidswyn.
Hy pr;st, de trib;n sjucht him binijd oan, en giet, it seil alhiel
ticht dwaend. Vitellius b;gt him wer oer de kaerten, dy’t him slim
lykje to ergerjen. Yn ienen slacht er mei de f;st op ’e tafel en ropt
;t:
By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal! Hja moasten dy
kaert-fantasten giselje!
IN STIMME FEN LOFTS.
Wy scille libbene kaerten fenneden hawwe, myn goede Vitellius.
Vitellius riist hastich oerein, nimt de h;lding oan en stekt de earm ;t
by wize fen groetenis. Troch in oars net br;kte iepening, rjuchts yn it
seil foar it r;stb;d, forskynt Germanicus.
VITELLIUS, kr;ftich en l;d.
W;z groete, Germanicus!
GERMANICUS, minder kr;ftich, mar frjeonlik.
W;z groete, Vitellius!
Germanicus Caesar, dy’t nou forskynd is, is tritich jier ;ld en de
w;nderlikste minske dy’t men yen oan it haed fen in great Romeinsk
leger tinke kin. Hy is in stik greater as Vitellius, d;rby ljochter, en
alles oan him teikenet de frissens fen de jonkheit. Oars as Vitellius,
dy’t jimmer fier bleaun is fen it libben fen de St;d, is hy troch alle
forfining en geniet fen Rome hinnegien, mar syn ynderlike suverens hat
him for ;ndergong biwarre. Syn m;le, dy’t faek in bytsje glimket, is
net s;nder sinlikens, mar syn eagen ljochtsje klear en syn foarholle is
heech en suver. Ek yn syn praet klinkt sims de fjildhearstoan troch,
mar it is by him net mear as in oanwenst wirden; oare tiden is syn l;d
mimerjend en stil, as fen in dichter, d;r’t er folle fen yn him hat.
Vitellius forearet him tige, s;nder him alhiel to bigripen, mar sims
komme Germanicus syn uterings him op it sear; hy is der greatsk op, det
Germanicus oan it haed fen dit leger stiet, mar scoe wolle, det dy mear
foar alles Romein wier.
GERMANICUS, ek op ’e tafel tageand en him oer de kaert b;gend.
Alsa, Vitellius, d; leaust net mear yn it treflike wirk fen ;s
filosofen?
VITELLIUS.
Der doogt gjin st;r fen dit forwinske gekwattel.
GERMANICUS.
It is de earste kear net, Vitellius, det de wr;ld in bytke oars is as
;s froede filosofen hjar hawwe wolle. Wy scille dy kaerten opbergje
moatte yn ;s archiven, as in aerdichheit for de neiteam: den kinne hja
ris sjen hofier de minsklike fantazije gean koe yn ;lde tiden. De
;ndersiker, dy’t him teikene, is grif forbjustere rekke fen binaudens
for de minsken hjirre.
VITELLIUS.
In Romein heart net binaud to w;zen. Wy moatte de ljue, dy’t ;s dy
kaerten oansmarden, forkleije (_hy pr;st_). Hja binne op gjin stikken
nei yn oarder.
GERMANICUS, glimkjend.
Bist; sels wol alhiel yn oarder, Vitellius?
VITELLIUS.
Ik tige, mar dit forwinske klimaet doogt net. Ik haw it der fen wei.
GERMANICUS.
D; moatst dy oanpasse, myn b;ste. Yen oanpasse, det is it greate geheim
fen alle kriichskinst. Mei kaerten scille wy der hjir net komme, mei
pylken en swirden like min. De ljue hjirre lykje my in eigenaerdige
krusing ta fen l;n- en wetterdieren. Sa moatte wy ek bisiikje to
wirden.
VITELLIUS.
It haget Germanicus mei de weardichheit fen it Romein-w;zen to t;lkjen.
GERMANICUS.
Net yn it minst, nommele frjeon. Ik sprek yn greate earnst, en ik bin
sels drok dwaende my to oefenjen. Ik haw krekt in aerdich skoftke yn de
Boarns; swommen. It is wier, men leart it wetter sa fen in oare kant
kennen as yn ;s moarmeren badkeamers mei hjar waerm streamend wetter,
hjar kostbere salfkes en ;fwriuwende slaven. Mar dit foldocht my ryklik
sa goed. Jister haw ik in oerokse lytsman makke; det wier ek net sa’n
min stikje for in bigjinner. It is g;ns in toer om yen ta dit libben to
biwennen, mar ik leau, it scil wol lokke. En faeks bliuwt men sa for
fork;ldenens biwarre.
VITELLIUS.
Hwet mienden jy mei de libbene kaerten, dy’t jy niis neamden?
GERMANICUS.
Det scil jo fen ’e moarn d;dlik wirde, hoopje ik. Mar hwet moat det
signael? Is der hwet bys;nders geande? Hawwe jy bifel jown?
VITELLIUS.
Ik haw de skippen l;st jown ;f to stekken, mar neat det dit signael
nedich makket. Greate goadenl Hy bliest yetteris!
Yndied heart men de hoarnbliezer yetteris, nou twaris efter inoar,
frjemde koarte stjitten, dy’t min for in gewoan signael trochgean
kinne.
GERMANICUS.
De fint is dronken, ef hy is syn forst;n kwyt. Hwet is dit?
It seil wirdt iepenslein en mei aerdich hwet rimpenens komt der in
jongkeardel ynstr;zen, d;r’t mei in eachopslach fen to sjen is, det er
net ta de hege Romeinske mienskip biheart. Hy draegt in moaije, mar
koarte diereh;d, in blinkende girdle, in dolk en in hoarn; oan de
foetten in soarte middending fen sandael en skoech. Ien en oar bitsjut
det er yn ’e pronk is; mar syn hier is net kjimd, en as er ynkomt moat
er it him ;t ’e eagen feije. De nat;r lykwols makket goed hwet de
kultuer tokoart komt; hy liket in jonge atleet, linich, klear en sterk.
SIGURD.
Moarn. Hwer h;smannet Germanicus, de Romeinske fjildhear?
GERMANICUS, forheard, mar net ;nfrjeonlik.
Hy stiet foar jo, w;z wolkom. Hwa binne jy?
SIGURD.
Sigurd, de soan fen it stamhaed fen de Friezen.
GERMANICUS, Vitellius in wink jaende mei de eagen; yet frjeonliker.
W;z d;beld wolkom, Sigurd. De soan fen Rome bigroetet mei blidens de
soan fen Frysl;n.
SIGURD.
Fen ’t selde. Hawwe jy jou hoarnbliezer gjin les jown my to groetsjen?
GERMANICUS,—der giet him in ljocht op, mar hy bihearsket himsels.
Ik winskje, det jy as myn gast en gelikens yn neat minder eare hawwe
scille as iksels, Sigurd. Forjow myn feint syn sleauwens. Gean,
Vitellius, en siz de hoarnbliezer det hy, by it foartgean fen Sigurd,
him groetsje scil mei it signael fen de fjildhear.
SIGURD.
Hoegt net, hearskip. Det ha ik him al oan it forst;n brocht.
Vitellius kin syn great argewaesje amper mear de baes bliuwe.
GERMANICUS, hwet stranger.
Myn feinten kinne fen nimmen oars bifellen oannimme as fen hjar eigen
fjildhear. Jy scille det grif forstean. Likemin as de Romein oer de
Friezen hearskje scil, scil de Fries det dwaen oer de Romeinen. Gean,
Vitellius, en nei dyn l;st folbrocht to hawwen, kom dalik werom.
(_Vitellius ;f_.)
SIGURD.
Jy hiene in forsiik rjuchte ta myn Heit, om bitroude paedwizers. Lyk as
er ;nthiet, hat er my stj;rd. Ik bin hjir fensels better th;s as jimme.
GERMANICUS.
S;nder mis, eale Fries. Ik twivelje net eft wy scoene byneed ek sels
skoan yn steat w;ze ;s wei to finen. Mar der is my folle oan f;st om
mei de ealsten fen jim folk yn ’e kinde to kommen. Dit is in bys;nder
l;n, nommele Sigurd, en ik leau, det hjir in fiks en sterk folk wennet.
SIGURD.
Fikser en sterker as by jimmes to Rome?
GERMANICUS.
Jy kinne min forwachtsje det ik eat priizgje scoe boppe myn eigen
heitel;n. Mar ik achtsje it l;n en it folk fen de Friezen heech. Yn
hjar kleare wetters fiel ik my hast sa goed th;s as yn de streamen fen
it Romeinske l;n. Fen ’e moarn swom ik in heal;re yn de Boarns;. It die
my selsum goed.
SIGURD, forheard.
Jy, swommen yn de Boarns;! En hja seine, de Romeinen wierne in weak
skaei det ta neat mear doogde!
GERMANICUS.
Leau it net, nommele Sigurd; it is kwealaster, fen lytse biniders
;ttocht. Wy wirdearje mannemoed en feintekr;ft heech. Lit my jo in
fij;n sjen litte meije, dy’t ik hjir jister forsloech. D;r leit er.
Hy iepenet it seil rjuchts en wiist Sigurd eat oan.
SIGURD.
In oerokse! Ha jy dysels lytsman makke?
GERMANICUS.
Sa die ik, Sigurd. My tinkt, sa’n die hie in Fries net ;nweardich west.
Sigurd knikt en sjucht yetteris; den komt der ynienen hwet yn him op en
hy rjuchtet him glimkjend ta Germanicus.
SIGURD.
Wy scoene inoar doukje kinne.
GERMANICUS, wier bliid.
Fen herten jerne, frjeon.
Vitellius komt wer yn.
VITELLIUS.
De hoarnbliezer biklaget him tige...
GERMANICUS, hastich.
Hy hat syn fortsjinne lean krige. Sigurd, d; scoest my tige helpe
kinne. Wolst?
SIGURD.
Yn alles hwet ik kin. Hwet is ’t?
Vitellius is troch it forhearde hinne.
GERMANICUS.
Ik haw hjir in ilindigen l;st mei myn float. It is nou ienris sa steld,
wy scoene D;tskl;n yn mei in float en leger beide; d;r witst alles al
fen. Mar ik sit der suver mei oan. Der binne gjin wegen for myn swiere
weinen en de s; liket my rare ;ndjip.
SIGURD.
D; moatst it leger s;dlik oer de s;ngrounen stj;re en de float in
aerdich ein de Noards; yn, sa fier det se de dunen yet krekt sjen
kinne.
GERMANICUS.
Det like mysels ek it b;ste, mar Vitellius hjir wier fen in oar
bitinken en ik ha my d;rby dellein, hwent hy hat g;ns ;nderfining. Hy
tocht, leger en float moasten inoar net bjuster wirde. Hy hat de
skippen d;rom bifel jown sa tichte m;glik by de igge l;ns to silen en
it leger...
SIGURD, forheftich en kjel.
S;ch!
VITELLIUS, ek op ien ein.
By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal!
GERMANICUS, wer hastich.
Swij, Vitellius. En d; moatst him net misledigje, Sigurd. Hy tsjinnet
my trou.
SIGURD.
Sa slim miende ik it net. Ik woe sizze, it is in grouw;lige, ilindige,
troch alles hinne stomme streek. L;ns dy wei scil dyn legers fors;pe en
dyn skippen brekke. Rop dalik det bifel werom.
GERMANICUS, hwet oars as oars.
Driget der wier—sa’n gefaer?
SIGURD.
D; kenst dit l;n net! Hjir is gjin skieding twiske l;n en s;. As men yn
dy hoeke is en de floed komt op, den skolperet alles ;nder; falt it
wetter, den leit alles droech. En de wyn rint hjoed om nei it Noard,
d;r bin ’k wis fen; it kin wol stoarm wirde!
GERMANICUS.
De skippen binne al ;nderweis!
SIGURD.
Myn hynder kin hirdern;ch. Mar ik moat in teiken fen dy hawwe, oars
leauwe se my net. Jow my dy ring, det scil wol helpe.
VITELLIUS, dy’t him net mear ynh;lde kin.
Hwet waerboarch hawwe wy det jy ;s allegear net bidrage en yn ’t leech
fiere? Jim haetsje...
Sigurd grypt nei syn dolk.
GERMANICUS, springt twiske hjar yn; mei greate stimme.
Swij, Vitellius!
Vitellius wirdt lyts en skrillet tobek.
D; hast dy wirden net heard, Sigurd; ik nim se werom, se binne net
spritsen. D; hast mei my to dwaen, net mei him. Hjir hast myn ring. En
ien forsiik yette.
SIGURD.
Det is?
GERMANICUS.
Biselskipje my nei D;tskl;n en werom.
SIGURD.
As heit my frij jowt, ja (_stekt syn h;n ;t_). Dyn h;n, Germanicus.
GERMANICUS.
Myn h;n ... hwerfor?
SIGURD, laitsjend.
Witte jim net hwet f;skjen is? Det is in biwiis fen frjeonskip.
GERMANICUS.
O, op dy manear. Ja, den is ’t b;st. Dei Sigurd.
SIGURD.
Dei, Germanicus. Dyn float bliuwt bih;lden. (;f).
GERMANICUS, nei effen wachte to hawwen.
Wel, Vitellius. Ik ha dy sapas hwet l;d hjitten to swijen. D; scilst
wol g;ns to sizzen hawwe. Praet nou mar wer.
Men heart it fjildhearssignael.
VITELLIUS, slim for;ntweardige.
Ik hoeg net to praten, hwent ik ha neat to sizzen. De eare fen Rome is
troch it slyk helle. In opsl;pen Friezejonge, in ;nwittende ;tlanner,
in barbaer, de gelikense fen de greatste Romein!
GERMANICUS.
Sa is it f;ststeld by fordrach, Vitellius. Rome en Frysl;n scoene
bounsnoaten w;ze. For de wet hawwe wy neat oer inoar to sizzen.
VITELLIUS.
De wet, it fordrach! Jy witte skoan, det binne oars net as deade
letters! Hwet kin dizze barbare-naesje tsjin it machtige keizerryk det
de wr;ld regearret?
GERMANICUS, earnstich.
Ik tink net det de hoarnbliezer mei syn signael in ;nrjuchtlike eare
die, Vitellius. Hy groete ien fen de oerwinners fen Rome.
VITELLIUS.
In oerwinner ... fen Rome! Hwet miene jy?
GERMANICUS, yet earnstiger.
Wy scille it net bilibje, myn frjeon. Mar tink om Rome, lyk as it is.
Tink om ;s paleizen, ;s wielde, ;s slaven, ;s forfining. Jy witte hwet
der is yn al det moarmer en goud: oan de woartels fen ;s folkslibben
knaget de wjirm fen it bidjer. Tink om de jongfeinten dy’t ik deis om
my hinne haw—en him. As hy en syn folk ;s seagen yn de ivige st;d, hja
scoene ;s ljeavje noch eangje, allinne mar forachtsje, by al ;s rykdom
en forfining. En der is mear, Vitellius. Dizze minsken binne rou en
;nwittend, mar hja lykje earlik. Ho frjemd it ;s ek taklinke mei, in
wird liket for hjar in wird; for ;s is it in list. De goaden meije Rome
genedich w;ze, de dei det kr;ft en trou foar forweakliking en forried
oer komme to stean. Ik bin bliid det it minskelibben koart is,
Vitellius.
VITELLIUS.
Ik ... ik wit net. Miskien is der in needlot. Ik doch myn plicht, en
freegje net nei mear. Mar ik wit ien ding, Germanicus. As Rome
;ndergean scil, as it greate ryk fen Tiberius falle scil, dizze
barbaren allyksa. Hja alteast, hja drage tige d;dlik hjar ;ndergong yn
hjar.
GERMANICUS.
Ik bin der dalik sa wis net fen, Vitellius.
VITELLIUS.
Witte jy, det der yn Frysl;n nimmen regearret? Witte jy det hja allinne
libje ;nder in mannich haden, det der gjin keizer is, gjin kening, gjin
regear, om’t hja nimmen boppe hjar ha wolle? Hwer moat det op ;trinne?
Kin sa in folk bistean? Hja binne heechmoedich tsjin ;s; hja scille it
net minder w;ze tsjin inoar. It _divide et impera!_ fen ;s great ryk
scoe ek hjir maklik spil hawwe. Jy wytgje de ;ndergong fen Rome, mar ik
wytgje jo dy fen dizze barbaren, dy’t nimmen boppe hjar wolle en gjin
macht ha hjarsels to bistj;ren!
GERMANICUS.
Miskien, myn frjeon; wy scill’ der net oer tsiere. To’n earsten scil ik
it mysels net ;nweardich achtsje de gelikense fen Sigurd to hjitten.
Vitellius pr;st wer.
En ien Frysk forskynsel is der alteast, det scil libje oer de avent;ren
fen ;s beider folken hinne.
VITELLIUS.
Jy miene?
GERMANICUS.
De Fryske fork;ldenheit.
De foarhing sl;t.
IT TREDDE TAFRIEL
RADBOD, kening oer Frysl;n.
DE KENINGSSJONGER.
DE FOLKSGEARKOMSTE.
TWA SPREKKERS.
IN ALDE FRIES.
Tsjuster. Den forskynt de h;rold, bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ;s Hear 715, yn de omkriten fen Starum, foar de
keningsstoel fen Radbod de Greate.”
Hy giet, en de foarhing l;kt iepen.
Men sjucht in griene hichte, bikroane fen in m;nske iik; d;rfoar is in
hege troanstoel oprjuchte. Fen de stoel nei de ;nderste earms fen de
iik, as in efterskerm, binne twa greate kladen spand yn de kleuren fen
Frysl;n. Oan de beam, boppe de troane, is in great Frysk skyld
ophongen. De r;mte is forfolle fen m;nljue, fierwei de measten yn
striders ;tris, in inkelde yn lange preesterklean. N;st de troane,
bikroane mei in griene kr;nse en in harpe yn ’e h;n, stiet de
keningssjonger, in ljocht en fiks jongkeardel. Djip en bliid gegouns
fen folle stimmen.
DE SJONGER.
Eala, nommele Friezen! Nou jildt it oar wirk as djierheinen en
noatriden! Binne jim r;stings r;? G;ns scille hja hawwe to trochstean
tsjin it striidbere folk fen de Franken!
IEN FEN DE MANLJUE.
De skylden blinke, de pylken bin punte, slipe is it swird ta de striid.
Wy binne r;!
Hja kletterje mei de skylden en oar wapenreau.
DE SJONGER.
Fiks sa, frjeonen. Mar hofier yn de romte giet dy r;ens fen Frysl;n?
Fen hofolle goa;n binne de iedmannen forskynd?
IN OAR FEN DE MANLJUE.
Jister in wike waerden de seinfj;ren ta de striid oanstitsen op de
hichten by de keningsstins to Starum. Ear’t de loft read wier fen de
dage, ljochten de fj;ren hiel Frysl;n roun. Ear’t in wike forroun wier,
wierne de m;nljue feardich en de r;stings r;. Fen Sinkfal ta Eider, fen
alle goa;n binne de iedmannen hjirre.
DE SJONGER.
Heil, nommele Friezen! Wodan, Thor en Tyr scille de wei for ;s
sljuchtsje! Op for de groun fen ;s ;ffaers, op for de frijdom fen
Frysl;n!
ALLEGEARRE.
Op for de frijdom fen Frysl;n!
Great gekletter fen skylden en wapenreau.
IN WYTGER.
R;mte for him dy’t keazen is fen it folk fen de Friezen! R;mte for
Radbod, kening fen Frysl;n!
De gearkomste wykt fensiden, en foar;fgien fen twa sterke jongfeinten,
elts mei in swird yn de h;n, en folge fen syn seis heechste riedsljue,
forskynt Radbod. Hy is ;ld en snie-wyt, mar rint yet steil rjuchtop. Yn
syn eachopslach, syn l;d en biweech is in heechheit, dy’t men hast
forgeastlike neame koe, en dy’t tige ;fstekt by it rouwer dwaen fen syn
l;nsljue. It is it leed det him sa makke en fen hjar ;nderskaet hat.
Sims brekt it troch yn syn l;d, det trochstrings kr;ftich is, mar
frjemd stil wirdt as er dingen seit dy’t him neigeane. Under it j;chjen
fen ’e gearkomste giet er ta syn troane.
IT FOLK.
Heil Radbod! Heil de Friezene kening! Heil de forkeazen strider!
RADBOD.
Heil it folk fen Frysl;n! It Ting, opdroegen oan de noed fen de
heechsten, plachtsjend en bislutend for Frysl;n, bigjint.
Yn ienen hearsket der in greate stiltme.
RADBOD.
Eltsenien wit it doel fen dit Ting. De moarntiid ljochtet oer Frysl;n,
det jierren bineare west hat fen de macht fen de Franken. Nou is hjar
macht britsen, skoerd fen de greatste fij;n fen de ienhiet, de
twaspjalt. Kommen is de tiid for ;s Friezen om op to stean yn greatens
en kr;ft, om it l;ste oerbliuwsel fen Frankyske tsjinstberens to
dylgjen. Rie haw ik plachte mei ;ldsten en riedljue. Ienstimmich hat de
rie fen Frys;n op ;tstel fen syn kening bisletten: for it goed fen ;s
;ffaers, for de frijdom fen Frysl;n, striid, striid en yetteris striid
twiske Frysl;n en de Franken!
DE GEARKOMSTE.
Frysl;n boppe!
RADBOD.
Mannen Friezen! By it bigjin fen dizze striid, bislutend oer frijdom en
libben, haw ik ien ding to wytgjen, in oar ding to freegjen. Dit is jim
l;ste striid ;nder dizze lieding en gjin greatere scil ik ea fierd
hawwe. Klear wol ik hjar yn ’e miette gean, suver en trou oan de
frjemde stim yn myn herte. Det ik tsj;gje mei hwet ik sjuch en freegje
hwet ik moat, jow my jimme oandacht, o mannen fen Frysl;n!
GUNT UT ’E GEARKOMSTE.
Sprek, o kening! Wy harkje.
RADBOD.
Dit is de fjirde kear, det ik jim liede scil tsjin de Franken. Trije
kear waerd ik slein en bitwongen, net troch leffens noch oermoed, soks
kin elts hjir tsj;gje. Dizze dr;ve jierren haw ik socht nei klearens
oer hwet ;s miskearre. Uzes wierne de moed, de offers oan bloed en
libben; hjarres wier de oerwinning. Dit haw ik leard to forstean:
twaf;ldich is de macht dy’t fen hjar ;tgiet. Eigen kr;ft hawwe hja, en
der is in kr;ft dy’t hjar laet. Dizz’ kear wol ik tsj;gje foar hiel
Frysl;n: ik scil stride tsjin de kr;ft fen de Franken sels, net tsjin
it fierdere det hjar stipet.
IN STRIDER.
Sprek klearder, Radbod! det wy dyn miening folslein forstean!
RADBOD.
Twa machten binne steld ta in striid for Frysl;n: it Kr;s en de
Franken. Hja hawwe hjar meiinoar forboun; wy hawwe alles dien om det
bounsnoatskip to bisterkjen. Mar it wier it ;nheil for Frysl;n. Nou is
it britsen, it folk fen de Franken is spjalt, Kristens scille oan ;s
kant meistride. D;ryn leit de redding for Frysl;n. Goaden meije tsjin
goaden, minsken tsjin minsken stride. Ik fier dizze striid net as in
striid fen Wodan tsjin Kristus, mar fen Friezen tsjin Franken. Net wol
ik det Frysl;n mei de tsjinst oan ;s goaden stiet ef falt.
IN PREESTER.
Wytget de kening in wird fen twivel? Moat hy ;s riede Kristens to
wirden?
RADBOD.
Swij preester. Ik die in ied fen trou, en trou scil ik bliuwe, ta de
;re fen myn dea. Mar ik leaude, de God fen it kr;s wier in tsjoen, in
dreambyld. Mar gjin dreambyld kin de wr;ld fen de minsken sa komme to
bihearskjen. Frjeon ef fij;n, hy is in wierheit. Us is wytge det der
ien forrize scil to heech om to neamen. Ik haw gjin macht him to
dylgjen; hy is wierheit en mear as ik. Mar de Franken, minsken fen
fleis en bloed lyk as ik, hjar kin ik forslaen. Jim allegearre scille
stride elts neffens syn eigen kr;ft. Wit det jim kening de striid fiert
for Frysl;n en Frysl;n allinne.
IN STRIDER.
Sa hat Aldgillis spritsen!
RADBOD.
Priizge sij dyn l;d, detst; neamst’ hwet myn herte forfollet! Wiswier,
sa hat hy spritsen; wol my det ik syn stimme yet hear! Jow my biskie, o
Friezen; wier Aldgillis in goed kening?
IEN FEN DE STRIDERS.
Syn wize noed wier as de myldens fen maitiid.
IN OAR.
Yet priizgje him de frouljue, weevjend by de hirdsherne.
IN TREDDE.
Hy wier in goed kening.
RADBOD.
Is der ien, o Friezen, dy’t it de grize Radbod rekkenet ta skande, det
hy it folk wytget: Wiis wier it regear fen syn heit? Ien dy’t him fen
;ntrou forklaget, as hy seit: De noed fen it folk komt earst? Oangeande
;s en ;s libben, nimmen fen ;s scil in lange rige fen jierren bistean.
Mar it folk fen Frysl;n scil bistean troch de ieuwen. Is it den klear,
mannen Friezen, det wy stride scille for dit folk en syn frijdom
allinne?
IN STRIDER.
It is klear, o kening.
IN OAR.
Wy binne foldien.
IN TREDDE.
Nije wirden hast; spritsen....
IN FJIRDE.
Mar wy bitrouwe yn dy.
RADBOD.
Mear nije wirden wird ik ferge to sizzen. Eltsenien fen jimme wit, oan
dizze striid hinget ;s frijdom. Mear as ;s libben is de ynset; oer it
libben fen ;s folk scil er bislute. De Franken binne spjalt; mar hja
kinne hjar gauwern;ch wer forienje. Geef moat w;ze de ienheit fen de
Friezen. As ien macht, as ien wil moatte wy stean.
IN STRIDER.
Sa scille wy, o kening.
RADBOD.
Ta greater ienheit moat ik jim fergje as oars. Kear op kear yn myn
eardere oarloggen briek myn wil op de tobritsenheit fen ;s macht. Wy
kinne net mear striid fiere lyk as foarhinne. Dit is hwet ik fen jim
freegje: it bifel oer de Fryske klibers, allegearre. Det de oanfierders
fen West- en East-Frysl;n net n;st, mar ;nder my stean scille.
Opskoer. Roppen fen „Heil” en skyldgekletter; d;rfoaroer heart men
oaren roppen: „It kin net! Nea! Det scil nimmen wolle! Det is net
Frysk!”
RADBOD, d;roerhinne; syn st;f foar him ;t h;ldend.
It ting is geande! Ik ban de ting-frede!
Stiltme falt fennijs yn.
Hwa’t sprekke wol, likefolle yn hokfor sin, hy sprekke.
IEN FEN DE STRIDERS.
Nimmen kin dy hjiryn bifolgje, o kening.
OAREN.
Wy wol! wy tige!
Radbod h;ldt fennijs de tingst;f nei foaren.
DESELDE STRIDER.
Nimmen fen myn Friezen alteast. Oars binne de tastannen yn
West-Frysl;n, oars yn Mid-Frysl;n. Elts hat syn eigen bistj;r yn de
frede en syn eigen lieding yn de striid fenneden. De kening is de
foarste ;nder de gelikensen, de foarste fen de lieders. Mear macht
kinne wy him net jaen.
RADBOD.
Wis wit ik, de Fryske stammen ;ntrinne inoar tige. Nea haw ik yn
fredestiid taeld nei hjar rjuchten op hiembistj;r. Mar yn myn tinken
libbet hwet der barde yn de l;ste striid. Ik stie foar de Frank oer,
biidzjend op de klibers fen West-Frysl;n; hja hiene de trochslach jaen
kinnen. Hja wisten net det ik hjar nedich hie en teagen ta in plak
d;r’t gjin fij;n wier. Wy waerden slein. Hiel Frysl;n fielde de
forleging.
DESELDE STRIDER.
It foeget ;s oersten net ;nder in oar, hwa ek, to stean. Hja binne
great en eabel.
RADBOD.
Ik freegje net for mysels. Gjin fiif jier scil ik mear libje; frij scil
den skitterje kinne de greatens fen oaren. Ik freegje yn de namme fen
Frysl;n, ik freegje for de frijdom fen Frysl;n.
DE STRIDER.
It is stridich mei alle rjuchten en br;kmen. Soks hat yet nea sa west.
Wy moatte gjin nije dingen ynfiere.
IN OARE STRIDER, mei in rou en bot l;d.
En as der ien w;ze moat dy’t alles to sizzen hat, hwerom den krekt d;?
Binne der gjin oare greaten yn Frysl;n?
Gerop fen „Skande!” „Det foeget gjin Fries!”
Radbod stekt de tingst;f wer ;t.
DE SJONGER, n;st de troane forskinend.
Jim roppe fen skande. Mar it wird is spritsen, en likemin as in pylk,
foartfleanend fen de b;ge, kin it wer weromnomd. It hat klonken yn de
gearsit fen de Friezen, ta in ivige skande for Frysl;n. En nou scil ik
ek myn wird sizze. Net for dizze kening, hwent hy stiet boppe ;s
priizgjen en lekjen. Mar for Frysl;n, det it suvere wirde scil fen de
;nweardichheit fen det wird fen niis.
Mannen fen Frysl;n, moat ik jim sizze hwa’t oan jim haed stiet? Moat ik
jim bitsjutte det jim seine binne mei mear as in helt, mei in kening,
hwaens ienichst langstme jimmer west hat yn it lok en de frijdom fen
syn folk? Binne der hjir den minsken dy’t it forgetten is det dizze
iene fjirtich lang for Frysl;n stien hat, as in skyld en skutte tsjin
de fij;n? Great hat er west yn de striid, mar hat er minder great west
yn de forleging? Jim witte ommers allegearre: ljochten de striidfj;ren,
den wier der mar ien namme, en it wier de namme fen dizze. Woeg de
tsjinstberens op ;s, swijend gyngen ;s eagen nei de iene dy’t trou
bleau, yn hwaens herte beide leed en oerwinning fen Frysl;n libbe. Hwa
misgint him de eare de earste west to hawwen fen syn folk? Hat hy ek
net it earst de swierens en it leed t;ge, mear as ien fen uzes? Tink om
Theodeswynde,
Radbod slacht de mantel foar syn eagen.
hwent ja, ik wol hjar namme hjir neame, al skrieme d;rby de eagen fen
de kening, al skriemt it yn it herte fen elts fen ;s. De Frank joech to
kiezen: de forwoastging fen hiel Frysl;n, ef hjar ta b;t fen syn
slimmichheit, as it wiif fen in man dy’t hja hate. Hja, de dochter fen
Radbod, de frije Friezinne, bitocht hjar net: hja makke hjar op ta in
libben det in hel for hjar wirde moast en waerd. De kening bisocht hjar
to h;lden, mar hja stie rjucht oerein yn de hal en frege: Heit, hwet
learden Jy my oer it heil fen ;s folk? Do kearde de kening him ;f, en
hy liet hjar gean, hjar, syn ienichste, bloeijende dochter: priizge
w;ze hjar namme! Mar hwet moat ik sprekke fen de heit, wylst de helt
hjir yn ;s formidden is? Draegt net syn lichem de wounen fen Frysl;n?
Hwa weage safolle, hwa weage it fjirdepart fen him lyk as hy gyng ;nder
de foarsten, net in kening dy’t laet mei syn geast allinne, mar ek in
kening dy’t striidt mei syn lichem? Ho komt it det dizze harpe aloanwer
sjongt fen syn greatens, hwerom docht gjin oare namme hjar jubeljen lyk
as sines? Is it de harpe dy’t ;nwierheit wytget, hja, d;r’t de amme fen
de goaden oer giet? For my, frije Friezen, ik haw mar ien winsk: yn in
suvere striid fen Fries tsjin Frank, ;s folk as in ienheit to sjen
;nder de lieding fen Radbod! For my, ljeaver scoe ik yn sa’n striid
stjerre en ;ndergean, as libje en winne yn in striid d;r’t syn greatens
net yn striele!
Forheftige biweging yn de gearkomste. Gerop fen: Heil de sjonger! Heil
Radbod! For Frysl;n en de kening! W; hjarren dy’t wegerje!
RADBOD, de tingfrede biedend.
Priizgje de minske net, hy is al to forgonklik. Priizgje it folk en syn
ienheit. Dit is myn bisl;t, o mannen fen Frysl;n: Oan it haed fen myn
Mid-Friezen scil ik my stoarte yn de striid, en allinne scil ik ta
strider for Frysl;n weardigje hwa’t de iene Fryske lieding erken! Hwa
is hjir dy’t wegeret ;nder dy lieding to stean?
De eardere sprekkers steane s;mber d;r, mar swije. De gearkomste brekt
fennijs ;t yn gejubel en wapenklank. Radbod biedt fennijs de tingfrede.
RADBOD, yn greate stiltme, mei syn frjemde stille stimme.
Greate, heimsinnige, w;ndere machten, det wy falle ef winne meije yn
greatens!
Hy set de tingkr;nse ;f, jowt him nei ;nderen en giet ;f lyk er kaem,
yn earbiedige stiltme fen de gearkomste. Daelk as er gien is, streamt
ek de gearkomste ;tien. Allinne de sjonger en in ;lde Fries bliuwe oer.
DE ALDE FRIES, biw;nderjend.
D; hast niis fiks spritsen, jongkeardel. Ik bin bliid det ik dizze dei
sjoen haw. Dizz’ kear scil it oerwinning w;ze.
DE SJONGER, s;mber.
Dizz’ kear, ja. Mar ik woe, ik hie sprekke kinnen for alle tiden. Yn
folle Friezen komt eat det ik haetsje. It is yet machtleas, mar it
libbet fierder.
DE ALDE FRIES.
Kin in sjonger haetsje hwet der is yn syn eigen folk? En wier, hwet dy
oaren seine, den sa min? Siz my ris oprjucht, is de kening net in
bytke—earsuchtich?
DE SJONGER.
Earsuchtich? Net mear as in bern. N; ;lde, syn skild is in oare.
DE ALDE FRIES.
Hokker den?
DE SJONGER.
Hy komt in holle boppe alle oaren ;t, d;rom sjucht er fierder as ien
fen hjar. Det kinne hja net sette: hja moatte biljeaven net minder
great w;ze. As hja op hjar teannen stean geane, falle hja om; det
fortret hjar. D;rom scoene hja him de holle ;fslaen wolle.
DE ALDE FRIES.
Fij, fij ... det is bitter.
De foarhing sl;t.
IT FJIRDE TAFRIEL
DE IEDMANNEN FEN UPSTALBEAM.
TWA MUNTSEN.
IN REIZGER.
DE UPSTALBEAMMER GEARKOMSTE.
Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de h;rold, bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ;s Hear 1327 op Pinkster-Tiisdei. Gearkomste fen it
hege rjucht fen Frysl;n. De Frieske iedmannen to Upstalbeam.”
Hy giet en de foarhing l;kt iepen. Men sjucht in oprinnende greide,
bikroane fen trije m;nske iken, nij yn it griene bl;d. Twiske de
beammen binne, as ;fskieding fen de warstal, kleurde wollen touwen
spand. Foar de iken is in forheging oanbrocht mei d;rop de saun sitten
fen de rjuchters; hjar beklingen binne sierd mei de wapens fen de
Fryske s;lannen. De middelste is heger en steatliker as de oaren, en
draegt it wapen fen Eastergoa. Twiske dizze en de twa d;rn;st, hwet nei
efteren, twa lege bankjes for de skriuwer en de h;lder fen it sigel. De
gloede fen de mylde simmerdei leit oer alles ;tspraet.
Fen lofts komt in jonge kleasterbroer, in fine en s;fte forskining, mei
in boekdiel yn parkemint yn de h;n; fen rjuchts in reizger, oan syn
dracht in man fen oansjen, mei in swiere gongelst;f en oan de earm in
l;ndeikoerke for de tarkost. Under hjar petear streamt de r;mte mear en
mear fol fen Friezen yn tige ;tienrinnende dracht; men sjucht hege
geastlike hearen en ienf;ldige doarpspastoars, ealljuwe en eigenierde
boeren, magistraten fen lytse stedtsjes, keapljuwe, ensf.
DE REIZGER.
Wytgje my, froede broer, scil hjir hjoed w;ze de gearkomste fen de
iedmannen fen Upstalbeam?
DE MUNTS.
Mei de seine fen God en de ginst fen de Hillige Faem, ja wisse. Fen
hofier komst;, reizger, detst; net witst hwet yn Friezene libben it
earst is?
DE REIZGER.
Sokke lange jierren haw ik omswalke b;ten Frysl;n, broer. Do’t ik
foartteach gyng der in geroft ;nder it folk: de Upstalbeam scoe wer
gearkomme, s;nt in greate rek for it earst. Al dizze jierren det it
hege boun gearkaem, wier ik om utens en bireizge frjemde kontreijen.
Nou kaem ik werom ta it heitel;n, en it earst joech ik my op paed
hjirhinne.
DE MUNTS.
Wiis hast; dien, reizger, hwent op dit st; is de hope fen Frysl;n. Mei
de gearsit fen hjoed dy net ;nfoldien litte. Mar it is goed det ik dy
siz, du moatst dyn forwachtings net heech hawwe. Tige wirdt de
Upstalbeam bidrige fen ;nderling skeel fen de Friezen.
DE REIZGER.
Is den it ;lde striidfj;r nea yette dw;st? Ek net fen ’e gearsit dy’t
for hiel Frysl;n stiet?
DE MUNTS.
Sterk stiet de Upstalbeam to skoar for de ienheit fen Frysl;n. Mar yn
de twaspjalt is de kr;ft fen de satan. En minsklike kr;ft is mar lyts.
DE REIZGER.
Siz my, broer, hwa fen de goa;n hat hjoed de foarsit?
DE MUNTS.
Lyk ast; sjuchst, de sit fen de heechste iedman is sierd mei it wapen
fen Eastergoa. Myn hege hear en heit sels, de forneamde abbet fen
Klearkamp, scil hjoed de foarsit bisette.
DE REIZGER.
Sa bist; den in m;nts fen it treftige kleaster fen Klearkamp?
DE MUNTS.
Sa bin ik, reizger. Is de oarde dy hiemer as oaren?
DE REIZGER.
Folle yndied scoe ik to freegjen hawwe oer it hillige h;s det my sa nei
is. Mar d;roer in oare kear. Ik scil trochreizgje moatte nei Ljouwert
en scil oanklopje to Klearkamp for nachtforbliuw.
DE MUNTS.
Sa moatst; dwaen, frjeon. Oer Klearkamp scilst; alteast tofreden w;ze.
Yn de kleastertunen bloeit en groeit it, hast oerdiedich for minsken is
de rykdom dy’t God ;s joech. De drege ;lde beammen by de skiere
kleasterm;rren gl;nzgje fen it jonge grien; as de wyn d;r trochhinne
giet mient men de s; to hearren. Us koar is machtiger en suverder as it
s;nt tiden wier, en God joech ;s de l;ste jierren skoandere rispingen.
It Klearkampster f; is forneamd yn de omkrite. Wis moatst; komme en det
alles sjen, frjeon reizger.
De r;mte is nou alhiel fol wirden, l;der bigjinne de stimmen to
gounzjen. In oare jonge m;nts komt nei foaren.
DE OARE MUNTS.
Komst;, Aegidius? Wy moatte ;s sitten ynnimme, de iedmannen scille sa
dalik forskine.
DE EARSTE MUNTS.
Ik kom, broer. Farwol reizger, det ik dy wersjen mei!
DE REIZGER.
Fen ’t selde, broer. En tank for dyn goede wirden.
De m;ntsen jowe hjar pratende wei nei efteren en jowe hjar del op ’e
lege bankjes n;st de sit fen Eastergoa; fen lofts giet in ger;s troch
de mannichte.
IN STIMME.
De iedmannen fen Frysl;n binne yn oantocht!
OAREN.
R;mte for it hege rjucht fen Frysl;n, r;mte for de mannen fen de
Upstalbeam!
Fen lofts forskine de rjuchters fen de Upstalbeam. Hja binne seis yn
tal; de foarste is de abbet fen Klearkamp, in weardich en steatlik man,
yn de ;tris fen in prelaet; fen de fiif oaren heart ien ta de legere
geastlikheit, twa, ;nder hwa de iedman fen Westergoa is, ta de ealljue;
fen de oare twa is ien in eigenierde boer, de oar, de ;ffirdige fen
Wyt-Eastergoa, in keapman. Wylst hja hjar nei hjar plakken jowe, set in
sterke kleare stimme it earste fers fen „War Dy” yn, d;r’t de
gearkomste dalik by yn falt. Nei twa fersen forriist de abbet fen
Klearkamp en stiltme falt yn.
DE ABBET, oerein.
In nomine Patris et Filii et Sancti Spiritus; sub protectione Sanctae
Virginis Mariae.
DE GEARKOMSTE, moarmeljend.
Amen.
DE ABBET.
Friezen, de gearkomste fen it hillige Boun fen de Upstalbeam stiet wer
to bigjinnen. Dingen ;t it jongste forline meitsje it mear as winsklik,
det ik jim op it hert byn plachtsjen en bisluten fen dit boun to
earbiedigjen, lyk as it goede Friezen foeget. Tofolle wirdt yn Frysl;n
de klam lein op it bilang fen de ienling, tofolle komme doarpen en
goa;n elts op for syn eigen rjucht. Yn dizze gearkomste is de ienheit
fen de Friezen, en hja moat foar alles gean. Forsloppet ;s kr;ft,
;ntbynt dizze ienheit hjar yn dielen, den is it dien mei it forset fen
de Friezen tsjin de hearen ;t it frjemdl;n. Bitink: troch iendracht
wirdt it lytse sterk, troch twaspjalt giet it greatste to neate. Us
allegear is it doel fen dizze gearkomste klear. Net lykwols ;s tinken
allinne, mar ;s hert sels moat w;ze by dizze greate mienskip.
IEN UT DE GEARKOMSTE.
Det is ;s al faker sein. Det witte wy allegear wol!
DE ABBET, stranger
As jim dit witte, ho is it den det jimme it sa min forstean? Moat ik
jim foarh;lde it relaes fen de skelen en kreauwerijen d;r’t jim
tsjintwirdich jim kr;ften oan forgrieme? Krekt dizze moarn waerd my
trochdien it nijs fen de bistoarming fen de stins to Bedum en de
br;nstifting yn de b;rren Elwierde.
GUNT UT DE GEARKOMSTE.
Hja fortsjinnen it d;beld en dwers! Hjar heechmoed wier ;ndildber! Hja
joegen sels de oanlieding! Hja binne bigoun!
DE ABBET, for;ntweardige.
Foeget it Kristens hjarsels sa frij to pleitsjen fen dieden dy’t in
grouwel binne for de himel en in ;nrjucht for de minsken? Hwer is it
forskeel twiske dizze plonderers en br;nstifters en de wrede Noarman,
d;r’t ;s kroniken fen sprekke? Wolle jim net sjen, net hearre, net
forstean? Sjuch hjir dizze sit rjuchts fen my; ienris siet d;r de
iedman fen West-Frysl;n. Nou is er leech, nou hearsket d;r de greve fen
Holl;n!
GUNT UT DE GEARKOMSTE.
Flok oer de greve fen Holl;n en alle frjemde hearen!
OAREN.
Oer de longerjende biskoppen fen Utert en Bremen!
OAREN.
Oer de st;d Grins it meast fen allegearre!
Kabael; gerop fen „Ljeagen!” en „Grins is bitrouber!”, „Grins is wol sa
Frysk as folle parten fen Frysl;n!”
DE ABBET, mei greate stimme.
Stiltme, jim bitiisden! Mocht dizze m;le sa’n wird sprekke, hja scoe it
slingerje net tsjin de frjemden, mar tsjin de Friezen sels! Hwet koe de
greve fen Holl;n, hwet koe ien fen de frjemde hearen, salang as wy ien
wierne? It is wier, de s; skaette West-Frysl;n fen ;s: do wier it de
oaren swier to stypjen. Mar hwet de s; sparret, scil jim forblining
fordwaen! Ik wytgje jim: as jim net it wylde fj;r yn jim herten
bitwinge, as jim trou oan de ienheit fen Frysl;n net yn greatens
oerwint, scil mei koarte tiid net ien fen dizze stoellen mear oerein
stean!
Der l;kt stiltme oer de gearkomste, de abbet fielt det syn wird fjild
wint.
DE ABBET.
Hwet is de kr;ft fen de frjemden? In bern kin it jim sizze: hja steane
;nder ien haed, hja binne ien. Hwet is ;s swakkens en skande? Dit, det
wy s;nder haed binne en fordield. L;ns dizze wei is der allinne de
;ndergong. D;rom det ik my nou, en troch myn m;le it ienriedige rjucht
fen de Upstalbeam, rjuchtsje ta elts dy’t Frysl;n ynmoedich ljeavet.
Hwa’t it libben fen Frysl;n wol, lit him de macht fen de Upstalbeam
bisterkje.
IN STIMME UT DE GEARKOMSTE.
Yn hokfor wei?
DE ABBET.
H;ndert jier lyn hie de Upstalbeam de macht troch to setten, hwet hja
bisleat. Kamen de rjuchters fen Upstalbeam fenwegen, den wier der freze
yn hiel Frysl;n. Ut ’e namme fen ’e Upstalbeam easkje ik dy macht
werom. Ik easkje striders fen de goa;n om for ;s bisluten de
earbiedenis to winnen dy’t for eltse wet heart to bistean.
IN STIMME UT DE GEARKOMSTE.
Tinkst; det wy de frjemden foartreage hawwe om nou de nekke to b;gen
for eigen? D; scilst ;s net forrifelje, heite!
Kabael en laitsjen.
DE ABBET, him meit;gje littend fen syn grime.
Dommen, forblinen, bitiisden! Kin ien folk s;nder hearskippij bistean?
Haget jim better de izeren twang fen de frjemd as de lieding fen hwa’t
keazen binne fen jimsels?
Hy hat de toan troffen for dizze minsken, dy’t net mear mei rjucht, mar
mei hirdens en driigjen oertsj;ge wirde wolle. Men is stil.
IEN UT DE GEARKOMSTE.
Ik freegje frij om myn bitinken to sizzen.
DE ABBET.
Sprekst; for dysels ef for in mienskip?
DE SPREKKER.
For in great part fen de mienskip fen Westergoa.
DE ABBET.
Siz dyn bitinken.
DE SPREKKER.
Fen Westergoa wier it det de rop kaem om de Upstalbeam wer to
stiftsjen. Ek winsket Westergoa de Upstalbeam sterk en machtich to
sjen. Wy scille d;rom it forsiik fen de Upstalbeam stypje. Mar wy
forbine d;roan ien bitingst.
IN OAR.
Ja, jim wolle de baes oer hiel Frysl;n spylje!
DE SPREKKER.
Mei greatskens wiis ik dy oantiging tobek. Wy steane op ;s rjucht fen
frije Fryske goa; dy namme is ;s gen;ch. Mar ien ding wolle wy net:
;nfryskens en forrie yn ;s eigen formidden, yn in boun det de greatste
namme fen Frysl;n draegt. Hwa doar sizze det dit boun allinne ;t suvere
Friezen bistiet?
IN OAR, spottend.
Fensels net—de suvere Fryskens kin men allinne yn Westergoa siikje!
DE SPREKKER.
Sa liket it bytiden! Mar ik scil nimmen bitiigje, mei biwizen scil ik
komme. Hwent ik winskje det wy oan kinne op it Boun fen de Upstalbeam.
Ik skik yn, d;r is Westergoa alles oan f;st. Wy lizze sa to sizzen
iepen for de greve fen Holl;n; oan ;s doar leit de forriederlike,
;nbitrousume st;d fen Starum!
IN STIMME.
Pas op, heite! Starum hat net forgetten syn ;ffirdigen hjirhinne to
stj;ren!
DE SPREKKER.
Lyk yn it antlit scil ik it jim den sizze! Jim forkw;nselje de Fryske
frijheit for it smoarge goud fen de greve fen Holl;n! Jim dije en wirde
grou, en it fierdere Frysl;n kin forkomme!
DE ABBET.
Stiltme! Dizze wirden binne der by troch! Sa scilst; net fierder
sprekke!
DE STARUMER, forachtlik.
Lit him mar fierder raze, earwearde. Us skippen scille der net minder
fol, ;s wenten der net minder ryk om w;ze!
DE WESTERGOAER.
Skande oer de fette keapljue dy’t Frysl;n forriede! En der binne mear
sokken yn Frysl;n! Hiel Wyt-Eastergoa is der fol fen!
Great opskoer; gerop by de Wyt-Eastergoa;rs: „Dy wirden scilst; wier
meitsje!”
DE WESTERGOAER.
It stiet sa f;st as in h;s! Jim hawwe brieven skreaun oan de greve fen
Holl;n! Jim hawwe him de hilde bean en ;s forret! Jim kr;pe for de
frjemden, lytse, gemiene eigennutters dy’t jim binne!
IN WYT-EASTERGOAER.
Wy scille ;s it brea net ;t ’e m;le stjitte litte om dyn gelikens! Wy
hiene rjucht! Sels binne jim to lef om to striden, d;rom kr;pe jim de
oaren oan!
DE WESTERGOAER.
Mannen fen Westergoa, scille wy ;s det sizze litte! Foart mei de
forrieders!
DY FEN WYT-EASTERGOA.
Forrieder dy’t it seit!
Der driget in greate striid, g;nt sjucht men de swirden l;ken. Nei
hieltiten bisocht to hawwen de heibel to kearen, rjuchtet de abbet fen
Klearkamp, syn rie ta’n ein, him ta syn meirjuchters, forlit syn sit,
wylst de oaren allegearre rize, en stelt him twiske de stridenden,
folge fen de oare iedmannen; den ropt er mei greate stimme:
DE ABBET.
Sjuch ta hwa’t jim treffe! W;, as jim eagen blyn binne!
It wirdt hwet stilder; hja ;ntsjugge de prelaet yet.
De gearkomste fen de Upstalbeam is ;ntboun! By de weardichheit fen myn
ampt hjit ik jimme, forlit dizze wijde oarde by st; en stoune, elts nei
in kant! W; as jim earen net hearre!
Hy wachtet, rjucht oerein, en sjucht great oer de mannichte hinne;
effen wachtsjen; den forspriedt dy hjar. Men heart stimmen: „Wy
sprekken inoar wer!” „Grouwe Fetkeapers!” „Gemiene Skieringers!” It
wirdt leech ;nder de Upstalbeam; ek de rjuchters jowe hjar ;f oan
wearskanten, ;tsein ien, dy’t n;st de abbet stean bliuwt. Yet hieltiten
heart men de geroften fen ’e reboelje.
DE RJUCHTER.
Mei ik jo in ried jaen, earwearde?
DE ABBET.
Jy hawwe frij. Hokker?
DE RJUCHTER.
Nim kriichsfolk yn jins kleaster. Ef yet better, earwearde, lear jou
m;ntsen de wapenhannel. Ik haw nuvere drigeminten heard. Klearkamp hat
fijannen.
DE ABBET.
Nimmen yn dit ;nlokkige l;n is mear s;nder fijannen. Mar safier scille
hja net gean. Ik bitrou op de earbiedenis for de tsjerke.
DE RJUCHTER.
Bitrou net to sterk. Binne dit Kristenminsken, tinkt jo?
DE ABBET.
Bring my net yn forsiking. De tsjerke hoedet hjar ;nder hjar
skepersst;f. Mar hja lykje mear wolven as skiep.
De m;nts Aegidius stoarmet op yn greate oandwaning.
DE MUNTS.
Heit ... earwearde heit ... nou is it slimste bard...
DE ABBET.
Bidimje dy, myn soan. Us foeget net sa’n forbjustering. Hwet docht dy
sa oan?
DE MUNTS.
De Westergoa;rs hawwe ien fen Wyt-Eastergoa daet... Frysk bloed rint
oer de woartels fen de Upstalbeam...
DE ABBET, skriljend.
Nou is de ;ndergong net mear to stuitsjen. Finis patriae, finis
Frisiae. (_Tsjin de rjuchter_.) Ik tankje jo for jou ried, Hear. Ik
scil myn kleaster bisterkje.
De foarhing sl;t.
IT FYFTE TAFRIEL
IN BOER.
REIN ANES.
SIBE HETTES.
FOLK.
IT ROUWENDE FRYSLAN.
Tsjuster. In skoftke, en de h;rold forskynt fennijs. Hy bliest en
kindiget oan:
„Yn it jier fen ;s Hear 1523, de 10de fen Novimber. Twiske de doarpen
Baerd en Littens yn Westergoa, by in terp.”
Hy giet, en de foarhing l;kt iepen. Men sjucht in treastleaze l;nsdouwe
;nder in drouwende hjerstloft. Nei foaren in nou min bigeanbere wei,
d;refter de ynsinking fen de l;nsleat; yet fierder rint de groun op nei
de terp. Huzen binne net to sjen yn de neiste omkrite. De sinne is yet
net ;nder, mar de wolkens jeije wyld it loftrom l;ns en fortsjusterje
hjar ljocht; bytiden reint it.
Oan de kant fen de wei, nei lofts, op in rouwe stapstien for ruters,
sit in breklike jonge, syn krukken yn de iene h;n, ;nforweechlich. Syn
antlit hat it bleke en f;ste fen minsken dy’t folle lijd hawwe; hy
h;ldt it keard nei rjuchts eft er d;r ien wachtet. Fen lofts komt in
greate, foarse boer; de kile en seilbokse ;nder de modder.
DE BOER.
Nou moat it wrychtich net m;lder wirde! D;r _sit_ ien yn dit waer!
Hy bikruset him.
Ik mocht wol weromgean ... as det mar suver spil is...
Der komt him hwet yn ’t sin en hy makket him ta man.
Bist; it, Rein Anes?
DE JONGE, mei in heech en klear l;d.
Hwet wolle jy?
DE BOER.
Heden, heden, as ik net tocht det der in spoek siet! It hert slacht my
noch yn ’e kiel. Ho hast it yn de holle krige, dy d;r del to jaen yn
dit waer? Rein sit yn ’e rein, mei men nou wol sizze. Mar dit is dochs
gekkewirk, net?
DE JONGE.
Ik bin wirch. En ik wol wachtsje.
DE BOER.
Wachtsje? Hwerop? Hwet minske hast; hjir to wachtsjen yn dizze
hjerstjoun? Ef (_wer bang_) wachtest; op ... hwet oars?
DE JONGE, steech.
Ik scil jo net wizer meitsje.
DE BOER.
Nou ... hoegst net lilk om to wirden ... ik mien it dy ommers goed,
jonge. Mar der is net folle slot yn dyn praet. Hwet Kristenminske jowt
him nou op in paed, mids yn ’e neare hjerst?
DE JONGE.
Jy moatte mar fierder gean, as jy neat witte.
DE BOER.
Heden jonge, hwet bist; my in nuveren-ien. Witte, witte, hwet scoe ik
nou witte... (_hy bitinkt him_): lit my nou ris sjen ... it is
Slachtmoanne, en wy telle de tsjiende... mieri, d;r ha ’k it... Ei
jonge ja, it is hjoed de L;ndei fen ;s Steaten to Snits... Jonge,
jonge, en wachtest; nou op nijs d;rfen?
DE JONGE.
Sibe is nei Snits ta op ’t hynder. Hy scil tynge meinimme.
DE BOER.
Sa m;l kin ’k it net oangean! D;r sitst; nou op to wachtsjen, in foech
jonge, dy’t himsels net ienris r;dde kin! Hwet hast dy yn ’e kop helle,
jonge! Lit d;r de hearen mar oer plachtsje, hwet is ;s der nou oan
f;st! In minske moat om himsels tinke, siz ik mar; d;r hat men al skoan
gen;ch oan!
DE JONGE.
Jy komme ;t ’e modder en geane nei de modder ta. Jy moatte mar fierder
gean.
Hy keart syn antlit ;f, sadet er de boer net mear sjucht.
DE BOER.
D; hast se alle fiif net, jonge. Mar d; moatst net miene, det ik gjin
niget oan nijtsjes haw. Ik wol hjir mines ek fen hawwe. Soks moat men
yen net ;ntkomme litte.
Fen rjuchts komme yet in pear doarpers oantraepjen. Under it folgjende
petear komme der stadich mear, fen lofts en rjuchts beide, sadet der in
aerdige kliber to wachtsjen stiet. Der binne ek frouljue mank.
IEN FEN DE NEIKOMMERS.
Is Sibe Hettes al werom op ’t hynsder?
DE BOER.
Yette net, minsken. Ik stie hjir ek al in set to wachtsjen. It scil my
ris nij dwaen, ho’t it jern hjoed to Snits hispele is. D;r komme yet
mear, leau ’k.
IN OAR.
Yn Baerd en Littens witte se der allegear fen, det er nei Snits is om
tynge. En ja, men is den fensels al nijsgjirrich.
DE BOER, swetserich.
De heechste l;nsbilangen sitte deroan f;st, minsken! Jonge, d;r moat
men net licht oer tinke! D;r meije wy wol effen de keallen for wachtsje
litte, oars net?
IN OAR, spotsk.
S;fts wol, froede Fries. As ;s foarfaers goed en bloed d;rfor oer
hiene, kin by ;s it boarnen wol in amerijke letter.
DE BOER, hwet kitelich.
D; hoegst in oar net sa oer de sn;t to slaen! Salang as de b;ter goed
jildt, scilst; it dy ek net drok meitsje mei l;nsbilangen. Miskien
hast; sels dyn stim wol for in aerdich dofke forkoft!
DE OAR.
Oardielje net eltsenien nei dyn eigen hert, keardel!
DE BOER, op ien ein.
Keardel! Keardel! Ik bin krekt sa goed in frije Fryske boer as d;!
GEROP.
D;r is er! Sibe Hettes is werom!
GEJUCH.
Eala! Eala!
Der wirdt r;mte makke en men sjucht Sibe Hettes, in sterke, drege
Fryske jongkeardel, op syn moai boersk forstr;pt, mar de hege learzens
ek ;nder de modder.
SIBE HETTES, ergere.
Jim raze eft jim de kij ophelje. Bring it hynder nei de pleats, Sjouke.
It is biswit, d; moatst it in dek oplizze.
Hwet meilijich, mar frjeonlik:
Och heden, Rein, sitst; hjir to wachtsjen?
IT FOLK.
It nijs! It nijs!
SIBE HETTES.
Nou ja, skreau mar net sa. It wier better det jim de hannen fiks ;t ’e
mouwe stieken as lyk ;lde wyfkes de nijtsjes to bitsj;nseljen dy’t
oaren jim oerbringe. Wy libje hjir yn in moai folk njunkelytsen! Wy
sitte ;nder de kwint fen in frjemd, mar wy moatte fr;l witte ho’t er ;s
;tstr;pt!
IN OAR.
Nytgje nou mar net mear. Det helpt dochs allegear gjin byt. Hwet ha de
Steaten bisletten?
SIBE HETTES.
Hwet scoene se bisletten hawwe? Hwet scoene ;s Steaten bislute as d;r’t
de frjemd hjar op oanstiet? Hwa praet yn Frysl;n langer mei in frije
Fryske tonge? Opsitte en „woef” sizze as se ;s in stikje woarst
foarh;lde, det is hwet wy nou dogge!
IN OAR.
Us Steaten bisteane ;t hege frije Friezen. Hja scille gjin
feintetsjinst dwaen.
SIBE HETTES.
Hiest hjoed to Snits w;ze moatten! Hege frije Friezen allegearre, it
wier in noft nei hjar moaije mantels en wite plommen to sjen! De
frouljue r;pen j;chhei det hearren en sjen forgyng yen! Mei gauwens
scille hja gjin feinten mear ha wolle dy’t gjin mantels en plommen
drage as dy fen Eastenryk!
IN OAR.
Hwet kinne ;s dy klean male! Siz ;s hwet ;s Steaten bisleaten!
SIBE HETTES.
Det ha ’k jim ommers al sein! Hja bisleaten neat. hja seine „woef” for
de woarst dy’t Karel fen Eastenryk hjar foarh;ldde! Hja hildigen him as
erflik en rjuchtlik hear oer de frije goa;n fen Frysl;n, him en syn
neiteam beide!
WER IN OAR.
Det kinne hja net dien hawwe! Hja hawwe him hildige as keizer fen
D;tskl;n, net as greve fen Holl;n!
SIBE HETTES.
Ljeagen! D;r hawwe hja ;s swiet mei h;lden! Hja hawwe him hildige as
hear fen Frysl;n, lyk as al de oare lege lannen hearen hawwe! De L;ndei
fen de Steaten bistj;rt ;s net mear! Karel fen Eastenryk is hearsker!
Forheftige biweging. Gerop fen „Skande!”
SIBE HETTES.
Hja hawwe mear dien! Karel fen Eastenryk syn fjildhear, dy’t Frysl;n
mei it swird twongen hat om syn hear de hilde to biwizen, hja hawwe him
in stik goud foreare om’t er de frede yn Frysl;n hersteld hat!
GEROP.
De Steaten fen Frysl;n hawwe ;s forret! Hja fortsjintwirdgje it folk
net! Wy scille ;s los meitsje fen hjar! Wy scille opstean!
IN GRIIS MAN, mei l;de stimme.
Sibe Hettes, yn hokfor tael hawwe hja dy skandlike dingen bisletten?
SIBE HETTES.
Fensels yn de tael d;r’t nou ;s m;le nei stean moat, yn it Dytsk fen
Karel fen Eastenryk!
DE GRIZE MAN.
Den hat it gjin kr;ft for it folk fen Frysl;n! Gjin wearde hat for ;s
hwet yn frjemde tael oer ;s bisletten wirdt! Wy geane der like rjucht
om!
Gej;ch en gelaits. Gerop fen:
Det h;ldt! Det ha se net foarsjoen! De Fryske wet yn it frije Frysl;n!
IN HEGE, FIERE STIMME.
Net ien fen jimme scil mear rjucht gean, o Friezen. Allegearre scille
jim jim to b;gen hawwe, lyk as ik my to b;gen haw!
Yn it west stiet de loft oertrille mei in frjemde gloede. Men sjucht de
sinne net, mar efter de wolkens liket in heimsinnich fj;r to barnen.
Heech op ’e terp, mar foar de hjerstloft stiet in frouljuesfiguer yn
swarte reagen. It gej;ch fen it folk stjert wei yn gel;ster; den swijt
it alhiel. Men heart allinne mear it r;zjen fen de hjerstwyn. Frjemd en
fier klinkt d;roer de stimme fen Frysl;n:
FRYSLAN.
Hear nei my, o Friezen, hear nei de swalkster, dy’t gjin honk mear hat
yn it heitel;n! Hear nei hjar, lyk as men heart nei in stjerrende,
hwent net ien fen jimme scil dit l;d by syn libben mear hearre. Yn
dizze einichste ;re, yn dizze skieding for ieuwen, stean de wierheit
net tsjin dy’t nou wach wirde wol yn jim herten!
Ik bin it, o Friezen, dy’t jim laette troch dizze rige fen moeisume
ieuwen. In l;n fen tier en frucht wier jim jown, yn jim herten wier de
kr;ft fen it libben. Ut de dizen fen it ;nbikende binne wy kleaun ta it
ljocht fen de dei. Ik haw jim laet en bisiele, myn dreamen makken jimme
de nachten ljocht, myn dieden makken jim de dagen ta greatens. Mar hwet
laette ik jim ta de dei, wylst yn jim herten opsloep it tsjuster?
De gloede fen de hate is riisd yn jim herten, de dize fen de niid hat
jim eagen biwoelle. It swird hawwe jim litsen ;t ’e skie, om soannen
fen Frysl;n to treffen. Mar tsjin my wier it det litsen wier elts swird
fen Fries tsjin Fries, myn skientme wier it dy’t dylge waerd fen jim
hannen, myn kr;ft wier it dy’t forblette fen jimme striid. Forlern is
de kroane dy’t ik droeg s;nt myn jonkheit—mar hwet telt in kroane? Wei
binne hja dy’t n;st my gyngen yn de moarn fen myn libben; myn dreamen
hawwe jim forlaet, myn dieden ta skande brocht. Iensum swalkje ik roun
oer de erflike goa;n; sels myn rouwe wirdt net ;ntsjoen.
Pleitsje jimsels net frij mei hokfor wird fen jim m;le. De wytgers
hiene jim yn jim formidden, kleare, sterke ljuwe, dy’t jim moannen ta
ienheit. Mar ho klearder hja sprieken, ho mear jim hjar haten. Jim
lieders hawwe jim forstaet, jim greaten forballe. Jim tsjoede
hertstochten binne ;tgien oer it l;n fen myn ljeafde, en jim hawwe de
trou noch de greatens noch de hillichheit ;ntsjoen.
D;rom is myn grime great wirden tsjin jim, d;rom scil ik gjin gedild
mear hawwe mei ien fen jim. De geast fen Frysl;n forlit it l;n det hjar
jown wier. Iensum en earm hawwe jim my makke, my, de bliidlaitsjende,
dy’t yn it libben bitroude; lear nou sels iensumheit to forstean. Jim
scille my siikje, mar nimmen scil my mear fine; nei my langje, mar
nimmen scil my sjen; om my roppe, mar ik scil gjin biskie dwaen. Werom
scil ik gean nei de oarde, d;r’t ik ;t teach; jim dy’t my haten, sjuch
ho’t jim libje scille s;nder my. Jim adel scil stean yn de h;ven fen
frjemden, jim skatten scille forstruid w;ze oer de ierde, de eigen tael
fen jim m;le scil lytsachte w;ze by eigen en frjemd.
Gean yn it rjucht tsjin jimsels, o Friezen. Tink net det ik ljochtsje
scil for jim neiteam, salang de ;lde forblining yet yn jim formidden
bistiet. Dy dei det jim sizze scille: sels fordreauwen wy hjar, sels
sloegen wy hjar, sels stiene wy hjar nei it libben, o greatste fen ;s
skilden—dy dei scil der hope w;ze for jim. Flok net de frjemden, mar
gean yn it rjucht tsjin jimsels.
Forfolle is de tiid, fortein is de swiere ;re. Farwol, o Friezen. Yn
jim formidden is Frysl;n—net—mear.
Hja is fordwoun, de loft gl;nzget yette. Under de minsken komt
biweging, net ien praet l;der as yn l;stertoan.
IEN FEN ’E MANNICHTE.
Wy scille gean moatte, elts nei syn eigen h;s.
IN OAR.
Arbeidzje, arbeidzje, en net tinke oan dit.
IN TRED.
Jimmer scil dizze stimme neiklinke yn ;s earen.
IN FJIRD.
Arbeidzje, arbeidzje—miskien is der ;tkomst.
It folk is gien; allinne de breklike en Sibe Hettes bliuwe oer.
SIBE HETTES.
Gean mei, Rein. Wy scille dwaen hwet wy kinne.
DE BREKLIKE.
Ik kin net, Sibe. Moatst my hjir litte. Ik r;d my wol.
Syn frjeon doar net langer oanstean en giet. De breklike jowt him ;f
fen de stien, nimt syn krukken en rjuchtet him sa det er de eagen hat
op it West.
DE BREKLIKE.
Noch is der ljocht ... noch is der in bytke ljocht... (_l;der:_) Salang
der ien is dy’t dy ljeavet, meist; ;s net forlitte, o Frysl;n....
DE STIMME, fierwei.
Salang it folk my net ljeavet, kin ik net yn Frysl;n bistean, o soan...
It l;ste ljocht stjert wei.
DE BREKLIKE.
O....
Hy falt del by de stapstien en brekt ;t yn wyld en hertstochtlik
snokkerjen.
De foarhing sl;t.
De skouskieding sakket. Muzyk, ynsettend mei toanen fen rouwe en
dr;vens, d;r’t hiel njunkelytsen in ljochter toan as in s;fte
fortreasting trochhinne klinkt. In skoft klinke dizze twa motiven n;st
inoar mei gelikense kr;ft; den tilt it ljochte ;t boppe it d;nkere en
wreidet him ;t ta in swidens fen kleare en blide klank. De skouskieding
l;kt omhegen.
IT SECHTE TAFRIEL
MASTER GYSBERT JAPIKS.
JONKER WATSE FEN CAMMINGHA.
SAMUEL FEN HARINGHOUCK.
Tsjuster. Nei in telmennich forskynt de h;rold. Hy bliest en kindiget
oan:
„Yn it jier fen ;s Hear 1663. Yn de wente fen master Gysbert Japiks to
Boalsert.”
Hy giet en de foarhing l;kt iepen.
Men sjucht in keamer yn it h;s fen Master Gysbert; oan hwet der stiet
is d;dlik to sjen det de romte beide as wen- en learkeamer br;kt wirdt.
D;r hearsket in ;ldfryske skjinnens, dy’t de bliken fen krapte lykwols
net weinimme kin. De m;rre is opset mei stientsjes, op de flier lizze
matten. In greate ;lde spine tsjinnet tagelyk as boekekast; tafel en
matten stoellen; tsjin de m;rre efter rjuchts, in ;ldfryske klok. In
pear skilderijkes fen Wybrand de Geest binne de ienichste forsiering.
Rjuchts foar, in finster, d;r’t it ljocht fen in iere hjerst trochhinne
falt; d;rn;st in skriuwtaffeltsje, d;r’t folle ;lde pompieren oer
forsiedde lizze. Efter dit taffeltsje sjucht men master Gysbert, op in
stoel, hwet nei lofts jonker Watse fen Cammingha.
Gysbert Japiks is nou ien-en-sechstich jier ;ld, mar syn sk;ging
teikenet heger jierren. Syn antlit stiet bleek en wirch, allinne de
eagen hawwe yette de ;lde gl;ns. De biweging fen syn hannen is ;nwis en
as siikjend; om to l;zen bitsjinnet er him fen in forgreatgl;s; nou en
den ;nder it praten, tyspelet er hwet om mei in greate goezzefearren
pinne. Syn dracht is dy fen in ienf;ldige boargerman, mar keal en
forsliten. Ek de jonker is griis; hy is in earweardige forskining yn
g;ns dj;rder ;tris.
DE JONKER.
It is den sa ;fpraet, master Gysbert? Kin ik jou soan yette foar dizze
winter op ’t Amel;n forwachtsje?
MASTER GYSBERT, suchtsjend.
Jon Edelheit moat tank hawwe. Hast eangje ik ;ntankher to lykjen mei al
myn biswieren... Mar hwet swierst is moat swierst weage. Myn soan kin
net libje mids de forlieding fen de wr;ld. Hy scil hjir togroune gean,
en syn ;lden scille stjerre yn earmoed.
DE JONKER.
D;rmei moatte jy gjin noed hawwe, master. Jy hawwe ta gelok inkelde
frjeonen yn Frysl;n. Mar meast is it heil fen jou soan det ik op ’t
each haw. De iensumheit fen it eil;n koe him bringe ta ynkear.
MASTER GYSBERT.
De s; scil w;ze twiske myn soan en ;s. Sa biswierlik is de reize fen
Frysl;n nei it Amel;n, seit men. En wy wirde ;ld, myn alderljeafste en
ik. Fen ;s seis is hy de ienichste dy’t yette oer is. Ik winske him net
fier ;f, as skielk de Heare my roppe scil.
DE JONKER.
Faeks scil er him bettere hawwe foar dy tiid, master Gysbert.
MASTER GYSBERT.
Sa bid ik eltse joune fen myn libben. Ik kin net oars as Jon Edelheits
hoaske oanbiedinge oannimme mei greate tank. En wol myn biswieren slaen
yn jamkste f;lde. Wist ik net, ik praette tsjin in frjeon, ik hie dit
forkroppe yn it eigen herte, mei safolle oars.
DE JONKER.
Gjin greater biwiis fen jins frjeonskip koene jy my jaen, master
Gysbert, as my diele to litten yn dizze biswieren. Sa winskje ik de
foartgong fen ;s frjeonskip aller tiden. En nou mei ik net mear freegje
fen jins ;ren fen Fryske st;dzje; mynhear fen Haringhouck wachtet al in
setsje op de ein fen ;s ;nderh;ld. (_Oerein:_) Ik winskje jo de seine
fen omhegen en in goede sounheit, master Gysbert.
MASTER GYSBERT.
Jon Edelheit allyksa. Wol frouwe Rixt myn tsjinstr;e groetenis
oerbringe.
De jonker giet; master Gysbert sit wer foar syn tafel en leit yette in
pear pompieren torjuchte. Yn de doar forskynt Samuel fen Haringhouck,
;tjouwer to Boalsert. Hy is in fiks en feardich man fen in lyts
fyftich, yn syn praet klear en libben, in tsj;genis fen Ingelske
saeklikheit (hy is berne Ingelskman) foar de mimerjende Fryskens fen
Master Gysbert oer. Mar hy hat in r;m en wiid herte, en is myld for de
;lde skriuwer, for hwa’t er in frjemde mingeling fen forearing en
meilijen fielt.
FEN HARINGHOUCK.
B;ste master Gysbert! rjucht bliid bin ik jo yn sounens wer to sjen!
MASTER GYSBERT.
W;z wolkomme, frjeone fen Haringhouck. Ik hoopje, jou fiere reize nei
Ingel;n lit jo net to ;nfoldien oer ;s Fryske sljuchtens.
FEN HARINGHOUCK.
Plan;t sein, wirdste frjeone, ik bin bliid fen werom to w;zen. Frjemd
is it sa’t jou heitel;n sels de bern fen oare kontreijen oanl;kt en ta
eigen makket. S;nder mis, yn Ingel;n is mear tier, mear droktme
binammen. It libben d;r sprekt mei l;der stimme. Mar ienris hjirre
biwend, kin men de myldens fen dit ;lde l;n min mear misse. Earst en
binammen moat ik jo de rjucht hertlike groetenis oerbringe fen master
Junius to Oxford, frjeone.
MASTER GYSBERT.
Ik tankje master Junius en jo mei ynlike blidens. Ik hoopje, syn hege
wittenskip forsommet it ;nderh;ld fen syn Fryske kennisse net.
FEN HARINGHOUCK.
D;rfor hie er fierstento goed ;nderrjucht by jo, master Gysbert.
Yndied, hy droeg my op, jo to sizzen det er jo d;rfor tige forplichte
bliuwt. Mei greate wille fornaem er fen it plan fen de ;tjefte fen jins
rymlerije. Jamk scoe it him oanstean as wy him in pear kopijen for de
biblet;ken fen Ingel;n biskikten.
MASTER GYSBERT.
Bliid bin ik, wirdste frjeone, det men op inkelde plakken ;s nommele
Fryske tonge yet eare weardich achtet, mei it ek w;ze yn fiere en
frjemde l;nnen. Mar oangeande de Rymlerije winske ik my yetris mei jo
to forstean. Op it ynlikst hoopje ik, jy scille jou frjeone net kwea
;fnimme det er syn bitinken foroare. Lang haw ik hjiroer tocht en
mimere. Mar ik bin kommen ta dit bisl;t, frjeone fen Haringhouck: de
Rymlerije moat net by myn libben forskine.
FEN HARINGHOUCK.
Mar master Gysbert! it wirk d;r’t jy sa folle by opset hawwe, det sa to
sizzen! jou hiele libben draegt! det in plak for Frysl;n winne moat en
scil yn de kinst fen ;s tiden!
MASTER GYSBERT.
Ik forseach jins forheardens, frjeone, en ik forstean, ik moat jo
rekkenskip hjiroer jaen. Mei myn hiele hert bin ik d;rta r;. Frjemd is
it det ik my tsjin jo to uterjen kom oer dingen d;r’t ik nea mei ien
fen it eigen folk yet oer praette. Mar it is my as kin ik mei jo, dy’t
gjin Fries binne fen kom;f, better prate as mei mannichien fen ;s eigen
minsken.
FEN HARINGHOUCK.
Ik rekkenje my dit ta eare, master Gysbert. Mar net gau scille jy my
reden jaen kinne, sterkern;ch, om it bisl;t det jy neamden, to
binlikjen.
MASTER GYSBERT.
Wol harkje, frjeone. D;rjende jins reize noaze ik yetris de fersen fen
myn Rymlerije troch. Al de fersen, fen de earsten fen myn jonkheit ;f.
Ik sette my d;rta gear as in wirk fen plicht. Mar it is net m;glik
dichten mei plicht to bihanneljen. Hja bigounen fen nijs for my to
libjen. It wier w;nderlik, ik seach hjar brekken en ;nfolsleinens sa
klear. En dochs tsj;gen en songen hja elts mei in eigen l;d. Yn de
dagen fen dizze s;fte hjerst gyng, mei it l;d fen myn fersen, hiel myn
libben wer foar myn eagen foarby.
FEN HARINGHOUCK.
My tinkt, det biwiizget, jins wirk wier goed, it hat in eigen w;zen?
MASTER GYSBERT.
Miskien, frjeone. Mar faeks die de tsjoen fen it oantinken net minder.
Ik haw jounen hawn, det ik de lektuere ;fbrekke moast; myn eagen woene
net mear mei, myn moed wier to fol. Sokke ;ngelikense stringen hat it
libben yn myn herte triljen dien. Fen nijs seach ik de oermoed fen myn
jonkheit, de earnst fen myn ripens, de dr;vens fen myn ;lderdom. De
blide jierren to Wytmarsum, ik hearde hjar wer sjongen en laitsjen. Ik
seach my, kr;ftich en ryp, oan de side fen myn alderljeafste. Ik seach
;s bern lyts, en great wirden ;nder memme en heite noed; ik seach hjar
forreizgjen ta de better kontreijen, ien for ien. Forjow, det ik
safolle sprek fen mysels. Det alles libbe efter dy dichten op it giele
pompier; it wier as seach ik myn eigen libben d;r foar my. D;rom bin ik
hwet tear oer myn wirk, frjeone. It is de frucht fen myn libben.
FEN HARINGHOUCK.
Yn wierheit, master Gysbert, sa is it. Hwa yn Frysl;n scil it oars
forstean?
MASTER GYSBERT.
Jou frage sljuchtet de wei for it oare, frjeone fen Haringhouck. Ik
hoopje net det it skriuwers-idelens lykje mei, hwet ik as sljuchte
wierheit forstean. Safolle spot haw ik heard yn Frysl;n, safolle slim
en dr;f misbigryp. Ik mien net to sizzen, det hja s;nder fieling binne
for dichting en kinst. Mar hja achtsje hjar eigen sprake net, mei de
;lde Fryske tonge driuwe hja follertiden de spot. In makker fen Fryske
rymkes, lyk as hja it neame, is net folle tel yn Frysl;n. Djip treft en
wounet my it domme praet oer de rouwens fen ;s sprake. Tinkt jo, ik
sjuch dit to swart?
FEN HARINGHOUCK.
Ik woe, det ik it sizze koe, master Gysbert. Mar it is mar al to wier.
For in Ingelskman is it swier to forstean ho’t dit folk syn tael sa
forsmite kin. It is dochs sa klear, it is hjar eigen, it is de tael
dy’t de Skepper fen ierde en himel hjar joech. Jan Jans Starter, in
frjemd, moast komme, om it earste Fryske liet to sjongen. It is
;nbigryplik.
MASTER GYSBERT.
Sa is it, for elts dy’t suver tinkt. Bytiden tink ik: in frjemde tsjoen
leit oer Frysl;n hinne. Yn it herte fen Frysl;n libje wy, en it liket
gjin Frysl;n to w;zen. Wier ik jong, frjeone, ik telde dit net swier.
Mar nou stean ik oan de ein fen de wei. En hjir is de Rymlerije dy’t
det alles ynhat. Jow ik hjar yn it ljocht, it scil my w;ze eft it
dj;rste fen myn libben ;nder k;lde frjemden komt. To nei scoe it my
gean, moast ik fen nijs spot en wanforstean fornimme. (_Effen
stiltme_.) Jy binne foldien, frjeone fen Haringhouck?
FEN HARINGHOUCK.
Sa bin ik. Mar....
MASTER GYSBERT, glimkjend.
Ik forstean hwet jy winskje scoene to sizzen. As de Heare my ropt,
scille jy frij hawwe myn dichten to printsjen. Scoene jy der biswier yn
sjen, ik naem it jo net kwea ;f. Jy scille de foarste w;ze, dy’t it l;d
fen in Frysk sjonger hearre litte scil yn Frysl;n.
FEN HARINGHOUCK.
Ik bitsj;gje, gjin soarch scil my d;rfor to great w;ze, master Gysbert.
Men heart fen efteren it spyljen fen in oargel.
MASTER GYSBERT.
Tank frjeone. Nou bispilet myn alderljeafste it oargel, ta noeging for
it jounmiel. Dogge ;s de wille en jimmetsje mei ;s, frjeone fen
Haringhouck, sljucht en rjucht as ;s jounspize is.
FEN HARINGHOUCK.
Sok in hoaske noeginge mei ik net ;fslaen, master Gysbert.
S;ft en wijend spilet it oargel fierder. It l;ste jounljocht falt troch
it finster, en spraet syn gloede oer de grize sjonger. Fen Haringhouck
kin net litte nei him to sjen, en der komt in fromme earbiedenis yn syn
eagen. As it oargel oph;ldt, seit er yette:
FEN HARINGHOUCK.
Ien wird mocht ik yet sizze, master Gysbert.
MASTER GYSBERT.
Hokker, frjeone?
FEN HARINGHOUCK.
It kaem yn my op, wylst ik jo d;r sa sitten seach, yn it jounljocht,
oan de ein fen de wei, lyk as jy it neame. Ik wit net hwet it is. Mar
w;nderlik is de macht fen de geast. Ik haw in fielen, eft jou wirk yet
libje scil yn Frysl;n as de greaten fen ;s dagen allang ta moude
forgien binne, ja as de spot en ;nforskilligens oer de eigen tonge,
lang hearre scil ta it forline.
MASTER GYSBERT.
Det it de himel sa haegje mei! Ik tankje jo for dit wird fen
bitrouwen.—En nou, frjeone, lit ;s gean ta it jounmiel. (_Hja geane_.)
De foarhing sl;t.
IT SAUNDE TAFRIEL
PROF. EV. WASSENBERGH.
SYTSE HETTINGA.
REITSE JANS.
FJOUWER OARE STUDINTEN.
Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de h;rold, bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ;s Hear 1811, to Frjentsjer. Yn in keamer fen de
Akadeemje fen Frysl;n”.
Hy giet, en de foarhing l;kt iepen.
Men sjucht in learkeamer yn de Akadeemje, ;lderwetsk en ienf;ldich.
Mids efter, hwet nei rjuchts, is in doar, d;rboppe in b;ste fen Pallas.
Rjuchts twa finsters, lofts ien, mei swiere gerdinen d;rfoar. Mids
efter, nei lofts, in skou mei barnend hirdfj;r; d;rboppe in greate
skilderij fen de keizer Napoaleon. Yn de keamer, lofts, de sprekstoel
for de prefester; d;rfoar yn ’e lingte in tafel mei stoellen d;romhinne
for de studinten. It is joun, en in greate kroane mei kjersen barnt
mids yn de keamer. B;tendoar waeit it f;l, de sigen docht de gerdinen
nou en den forwegen.
Yn de keamer binne fjouwer studinten, feardige libbene feinten, klaeid
nei de dracht fen dy tiden. Ien stiet yn de prefester syn sprekstoel,
in oar sit op de leartafel, twa oaren steane ticht by him. Hja sjugge
yn spanning nei de doar; it is d;dlik det hja ien forwachtsje.
DE EARSTE STUDINT.
Ik leau der neat fen det it hwet wirdt! Hy str;pt der for om, hwet ik
jim siz!
DE TWADDE.
Den kinst Reitse Jans net, heite. Hy hat der for wedde. It is in
earesaek for him. Hy lit it nea sl;pe.
DE TREDDE.
Ik mei ’t lije det er it der ;fswit. Dy ;lde Mombosius mei wol ris in
;flear hawwe. In prulfint en oars neat! Hy hat my oer ’e staech set by
myn propaedeuse, allinne om’t er it mier oan my hie!
DE FJIRDE.
D;r komt ien, jonges! (_tsjin de earste:_) Moatst ;t dy stoel weikomme,
stalke, it kin Wassenbergh sels wol w;ze!
DE EARSTE, ;nsteurber.
Kin net. Dy syn tiid is ’t yet net.
DE TREDDE.
Siz ris, jonges. As Reitse ynkomt, allegearre sa l;d as wy kinne: „Ave
triumphator!” As er de pr;k hat, komt it him ta; hat er him net, den
stiet er biskamme!
DE OAREN.
Ja, ja! tige!
De doar giet iepen. Hja sette yn „Ave tri...” Hja komme net fierder.
Ynstapt in jongfeint yn de uniform fen Fr;nsk garde-soldaet, in boek
;nder de earm. Forbjustering.
DE TWADDE, sjucht it.
Sytse Hettinga, sikersonk! Ho komst; hjir joun yette! En yn dizze
;tris!
SYTSE, glimkjend, mar hwet earnstich.
It wier de l;ste kear, ju. Ik woe de tael fen master Gysbert yet ienris
hearre. Hwa wit yn ho lang ik se net mear hearre scil. De keizer
sparret syn soldaten net.
Hja binne yn ienen stil wirden.
DE FOARSTE.
It bidjert de joun detst; moarn by ;s wei moatst.
SYTSE.
Sa net, frjeonen. Wy scille de moed der ynh;lde oan de ein ta. Tink mar
net om dit pakje; de minske is der deselde om. Mar mei hokfor blide
gjalpen scoene jim my niis bigroetsje? Ik h;ld ek yet wol fen in moaije
bak, hear!
DE TWADDE.
Reitse Jans scil ;lde Mombosius in loech ;fsjen. D; witst, dy twa hawwe
it grou op inoar. Wy ha him hwet oanfitere. Do hat er wedde. Hy scoe de
;ld man syn pr;k ;ntfytmanje, wylst hja der beide libbenliifs by
wierne, en s;nderdet de ;lde him yn de lampe hie.
DE TREDDE.
D;r is ien, jonges! Det is er! Ave triumphator!
De doar giet iepen en Reitse Jans forskynt. Hy is in earste bysfeint,
en hat syn draei tige. De oaren roppe l;d meiinoar: Ave triumphator! Yn
ienen stiet er rjucht oerein, as in oerwinnend fjildhear, en hellet mei
in steatlik gebeart efter syn r;ch de pr;k fen prof. Mombosius wei dy’t
er as trof; omheechh;ldt. Gejubel, de studinten dounsje om him hinne;
Sytse Hettinga h;ldt him hwet efter;f.
DE STUDINTEN.
Fortelle! It relaes! ho hast it oanlein! Fortelle!
REITSE JANS.
It wier sa ienf;ldich as it aei fen Columbus. Hear nei myn oerliz, en
jim scille my biw;nderje. Jim witte allegear, ;lde Mombosius komt om
dizz’ tiid by syn mieltiid wei. Hy yt fiks, en drinkt better; hy is net
for neat sa roun as in t;ntsje. En as er it iten bihimmele hat, giet er
to frijen.
DE STUDINTEN.
Det liigst;! Mombosius grien! Optinksels!
REITSE JANS.
Sa wier as ik dizze pr;k omheech h;ld. Hy hat it forsjoen op de ;lde
widdou Truffelsma; d;r sit modder oan ’e kloet. D;r kuijeret er den
hinne, it bolwirk om. Joun wier it in joun ;t t;zenen. Piktsjuster, en
it waeide det it rikke. Ik stelde my op efter in grouwe beam, n;st it
hoekh;s. It wierre my mei en it twirre my mei, kin ’k wol sizze. Krekt
do’t ;lde Mombosius om ’e hoeke komt, myn beam foarby, in p;ster fen
gewelt. Ik mepte him de hoed ;f en pakte teffens syn pr;kje beet; s;
hie ’k it.
IEN FEN DE STUDINTEN.
Mar hy scil dy wol mirken ha, heite! Sa hat er grif net yn ’e doljoarum
west!
REITSE JANS.
Gjin spr;t d;rfen! Ik koe him krekt skarreljen sjen ;t myn sk;lhoekje
wei. Hy tocht det it de wyn wier, seach en socht alles ;f, foun syn
hoed werom, mar fensels, it pr;kje net! Do kaem it moaiste. Wylst er
d;r yet omsneupt, komt Wassenbergh der oan; hy roun him hast tsjin it
liif. Mombosius wist net ho’t er der mei oan moast. „Gij vindt mij in
eenige ongelegenheid, collega,” sei er. „De kracht des winds in dit
gure land is bevreemdend. Zoo meteen rukte hij mij mijne peruike van
het hoofd.” Wassenbergh tocht; nou hat er him hielendal om. „Ik leau
earder det jy in slach fen de moalp;de as fen de wyn beet hawwe,” sei
er. Mombosius fette d;r fensels gjin grevel fen.
IEN FEN DE STUDINTEN.
Io triumphe! for de greatste bysfeint fen Frjentsjer!
IN OAR.
Hwet moat der nou mei de pr;k barre?
DE STUDINTEN TROCH INOAR.
Ophingje boppe Mombosius syn sprekstoel! Efter op syn toga bispeldzje!
Syn sn;fdoaze d;ryn biwoelje!
REITSE JANS.
N;, nommele frjeonen. Myn herte is nou wer stimd ta myldens, oan myn
grime is foldien. Oare moarn is ’t Mombosius syn jierdei. Wy stj;re him
in earste klas taert en litte de pr;k yn in doaske d;ryn bibakke. Wy
litte him bisoargje... By Jupiter, Sytse jonge, bist; hjir ek! Det ’s
al hwet kras, det ik dy net earder sjoen haw.
SYTSE.
Ik woe dyn moaije bak net bidjerre, heite. Dit is grif de b;ste fen dyn
fiten.
REITSE JANS.
Moatste moarn foart?
SYTSE.
Ja. Net mear oer prate, ju. Ik bin nou yet by jim.
Stiltme. Reitse Jans hat it pr;kje weimoffele, en liket forbjustere. De
doar giet iepen, en pref. Wassenbergh komt yn. Hy is in weardige en
frjeonlike forskining; syn antlit leit safolle gloede en myldens oer,
det men kin bigripe det de studinten for him troch it fj;r geane. Dizze
joun lykwols liket er oandien; de studinten merkbite it mei gauwens.
WASSENBERGH.
Joun, frjeonen. Sytse hjir ek? De reis der om makke, Sytse?
Hy f;stket mei him.
SYTSE.
Ja, professor.
WASSENBERGH, him oansjende.
De l;ste joun?
SYTSE.
Ja, professor.
Wassenbergh keart him om en komt foar it byld fen de keizer l;ns. Effen
liket er yn opst;n to kommen, mar hy bitwingt him. Hy leit syn
pompieren, d;rby in Gysbert Japiks, foar him yn de sprekstoel.
WASSENBERGH.
Ik hie joun de Fryske Tsjerne yetteris mei jim l;ze wollen, frjeonen.
Mar jim moatte my ;ntskildigje. Ik bin hwet forslein. Do’t ik hjirhinne
gyng, tocht ik: ik moat de les mar jaen s;nder my hwet skine to litten.
Mar ik kin it dochs ek net for jim stil h;lde. En nou’t Sytse hjir sa
yn ienen foar my stiet, kin ik it alhiel net mear forkropje. Wy binne
hjir as goede Friezen mei-inoar.
IEN FEN DE STUDINTEN, hwet riedend.
Is der nou _wer_ hwet ... mei de Akadeemje, professor?
WASSENBERGH, nei in koarte stiltme, r;d, as kin er d;r net lang oer
prate.
Der is in streek troch de Akadeemje helle. Wy bisteane net mear.
IEN FEN DE STUDINTEN.
Det kin net....
Hy sjucht Wassenbergh oan, mar dy syn antlit wiist de wierheit
kleardern;ch ;t. Stiltme. Net ien doar en kin hwet sizze. B;tendoar
heart men de wyn, great en f;l. Op it l;st seit
IN OAR FEN DE STUDINTEN.
Det is net to leauwen. Men kin yen det ommers net tinke... Us Akadeemje
kin ;s dochs net ;ntnommen w;ze... Der is grif in forsin, men hat de
keizer forkeard ynljochte....
WASSENBERGH.
De amptners fen de keizer binne krektern;ch. Sadr;’t it bisiik fen
Cuvier oankindige waerd, hat it my swier op ’e lea lein. By alle
freeslikens bliuwt it sa tige bigryplik; men kin yen krekt tinke ho’t
it west hat. De keizer hat jild nedich, jild—en minsken. Hy hat de list
fen de hegeskoallen foar him krige ;t syn nije Fr;nske provinsje; hy
hat sein: seis, det is to dj;r. En hy hat in streek helle troch de twa
minst bisochten. Hwet kin hy witte fen hwet dit for ;s bitsjut, hwet
wit de Korsikaen fen hwet der omgiet yn Friezene herten? En wist er it,
hwet koe it him skele? Hy sjucht de wr;ld dy’t fol fijannen is, hy wol
se delslaen. Hy hat ;s yn de macht, hy biskikt oer ;s.
IEN FEN DE STUDINTEN.
Hy is in tyran. De foltsen scille de dei fen syn fal priizgje.
(_L;sterjen: Sst, sst, tink derom!_)
IN OAR FEN DE STUDINTEN.
Mar wy kinne ;s Akadeemje net misse. Tink jim det yn: net mear yn
Frjentsjer leare, net mear ;s th;s hawwe yn it lytse stedtsje, om utens
to learen gean. Frysl;n kin syn Akadeemje net kwyt. Hy kin net lang
regearje....
WER IN OAR.
As er falt... Oranje scil helpe! Dit ;nrjucht kin net bistean.
WASSENBERGH.
Wy kinne net folle forwachtsje, frjeonen. Ik h;ld fen Oranje, en dizze
nacht scil foarbygean. Mar ik wit ek hwet to wachtsjen is fen regearen.
Hja binne selssuchtich, hja sjugge de djippe geastlike neden fen it
folk net, hja hearre allinne hwer’t men l;d om ropt. It kin it tinken
net fen my ;fsette, dit wier net bard as de keizer witten hie, it
Fryske folk stie as ien man efter syn Akadeemje. Do’t de departemintale
yndieling kaem, moasten alle oare lege lannen hjar nammen forlieze, mar
dy fen Frysl;n liet er bistean. It wier in lyts blinkje hope. Mar dit
hat in ding fen neat for him west.
SYTSE HETTINGA.
Professor, ik woe freegje. Ho kin dit eigentlik allegearre yn Frysl;n?
Wy h;lde dochs fen ;s eigen folk, fen ;s sprake. Hwerom stipet men ;s
net? Is it net ;nbigryplik?
WASSENBERGH.
Det is it, Sytse. Bytiden tink ik, der leit in tsjoen oer hiel Frysl;n
... wy libje yn it herte fen Frysl;n, en it liket gjin Frysl;n to
w;zen... Mar wy meije de moed net forlern jaen. De greate master fen
Boalsert stie allinne. Det is mei ;s oars.
REITSE JANS.
Wy hawwe mankoar. En it scil oars wirde yn Frysl;n. Wy scille ;s b;st
dwaen.
SYTSE HETTINGA, klear d;roer hinne.
As it moat, lit alles falle. De greatens fen Frysl;n, de Akadeemje, ;s
libben, alles. As wy mar wis binne det Frysl;n libjen bliuwt yn de
herten fen hwa’t hjar ljeavje. Den is de opstanning wis.
WASSENBERGH.
Lit dit den ;s l;ste wird w;ze, frjeonen. Bitwongen, bidrige,
forlitten, wy h;lde oan Frysl;n f;st. Hja kinne ;s bir;vje, ;s kr;ft
brekke kinne hja net. En nou, myn frjeonen, wy scille joun de Fryske
Tsjerne net mear l;ze. Mar lit ;s yet ienris l;ze master Gysbert syn
Jounbede, lyk as wy det wend wierne to dwaen.
Hy slacht syn Gysbert Japiks iepen, en bigjint to l;zen mei oandiene
stimme.
WASSENBERGH.
Nou is de dei forroun mei ;re en stoune,
Oermits de sinn’ dold;kt, yn wetters groune.
Meitse ;s nou, Sliep, fen God om r;stjen jowne,
Dei’s l;st onboune.
IEN FEN DE STUDINTEN.
Kom swiete sliep, ;s eagen firdich binne.
Det swierlik dr;gjen net ontstj;rgje ;s sinnen.
Det soarch en eangstme ;s r;stnjue net oerrinne,
Noch fr; forwinne.
IN OAR, sterker.
Kom swiete sliep. Mar w;z ;s f;ste boarge
Det nin nachtgrime ;s fettet by de loarge,
Det wy net reitse yn fij’ne weaze en foerge;
H;ld wacht en soarge.
IN OAR, heger.
Mar Y boppe al, Tsjerk-haed, Jon weitsers seine,
Wolsillige Inglen, det s’ al onrie weine,
Det Jon skiep Jo, fen’ Hol, net wirde ontteine,
Ontskake ef skeine.
SYTSE HETTINGA, f;st en klear.
As den, troch sliep forkwikke, ljeave Heare,
Wy firdich moarn-ier t’ ;s birop werkeare,
Holp det ;s dwaen en litten, ta Jon eare,
Wol wirdt rejeare.
WASSENBERGH.
As den, frjeonen, ;s Akadeemje, dizze fakkel fen Frysl;n, d;ve w;ze
moat yn de stoarm fen ;s tiden...
IEN FEN DE STUDINTEN.
Hjar fj;r scil foartbistean yn ;s herten....
IN OAR.
En wy scille it ;tdrage oer hiel Frysl;n....
IN OAR.
En der scil w;ze in nije dei....
SYTSE HETTINGA.
En der scil w;ze: ;ntweitsjen.
Prof. Wassenbergh sl;t syn boek.
De foarhing sl;t.
IT ACHTSTE TAFRIEL
DE JONGEREIN FEN FRYSLAN.
DE TWIVEL.
DE STOF.
DE GEAST.
DE IDELHEIT.
DE SKIENTME.
DE DOMMENS.
DE KLEARENS.
DE MISMOED.
IT BITROUWEN.
DE LEFFENS.
DE MOED.
DE TWANG.
DE FRIJHEIT.
DE HATE.
DE LJEAFDE.
Tsjuster. Ringen komt de h;rold, bliest en kindiget oan:
„Op de grinzen fen it forline en hjoed. Untweitsjen fen de Jongerein
fen Frysl;n.”
Hy giet en de foarhing l;kt iepen. Yn de romte hinget in frjemd
healtsjuster, ;nd;dlik sjucht men de seame fen in w;ld. Rjuchts en
efter m;nske beammen, lofts strewellen. Rjuchts foar, foar de stammen
in frjemde griene opheging, det in ;ld alter fen seadden w;ze koe; oan
wearskanten d;rfen twiske de beammen stean twa greate lyljes, sletten.
In skelle wearljochtflits, foartendalik folge fen in lang oanh;ldend
tongergerommel. It wirdt ljochter. Lofts, op ’e groun ;nderskaet men
saun foarmen; seis d;rfen lykje to lizzen, ien, de jongerein fen
Frysl;n, sit as wekkerskrille rjucht-op. Rjuchts op de forheging stiet
in tsjustere forskining, bleek en meager, roppend mei in ;nwis en
binearjend l;d:
DE FORSKINING.
W;z wach en folgje my, o Jongerein fen Frysl;n!
DE JONGEREIN.
Hwa bist; dy’t my ropt to folgjen? hwet docht my sa kjel ;t myn dreamen
;ntweitsjen?
DE FORSKINING.
Om dy hinne stiet de himel yn fj;r en de groun dinder’t fen de
fordylging. Pas ier bist; ;ntwekke, o Jongerein fen Frysl;n. De folken
geane ;nder yn de greatste striid dy’t de wr;ld oansk;ge. Hoedzje dy,
hoedzje dy, sl;t dy oan by myn feilige lieding. Ik scil dy bringe d;r’t
de geroften fen de striid net mear klinke, d;r’t de ivige stiltme is en
de r;st.
DE JONGEREIN.
Eang en near wiswier makket my de droaning fen de striid, o forskining.
Mar ik kin net gean ear’t ik net wit det der feiligens is for myn skat.
Ik noedzje eat, my dj;rder as de r;st, dj;rder as hokfor stiltme.
DE FORSKINING.
Sjuch ta, o Jongerein, en lit gjin waen dy rjuchtsje togroune. To wyld
is de tiid, det eat dyn gong biswierje mei. Hwet hoedest d; dos mei sa
greate soarge?
DE JONGEREIN, in gl;nzgjende skeal fen kristal optillend.
Ik noedzje de tsjelk d;r’t de treast fen Frysl;n yn is. S;nt hja gyng,
dronken d;r;t al ;s lieders en striders, en it wier hjarren it libben.
Unthjit my by it hillige det hja feilich w;ze scil, en ik folgje dy.
DE FORSKINING, skriljend.
Yn frjemde dreambylden bist; bitiisd, o Jongerein fen Frysl;n! Ik siz
dy, neat kinst; meifiere op dyn gong troch de barnende wr;ld. Lit falle
dit boartersg;d op sterke stien en d; scilst frij w;ze for jimmer!
DE JONGEREIN, wizend nei de forskining.
Nea, nea scil ik dy folgje, o byld fen domme forlieding! Nou wit ik dyn
w;zen, nou scil ik dyn namme neame! Hwent dyn namme is Twivel, en dyn
w;zen is it Neat!
Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. It wirdt ljochter; op it plak
fen de Twivel sjucht men in oare forskining, klaeid yn poarper en
alhiel mei glinsterjende stiennen bihongen, op de holle in gouden
kroane mei in greate bloedreade stien; hjar l;d klinkt kreakjend en
droech.
DE FORSKINING.
Folgje my, o Jongerein fen Frysl;n! Los binne britsen de kr;ften fen de
wr;ld, yn de wieling fen de striid rize macht en eare omhegen! Ken de
kr;ft fen dyn jonkheit en folgje my en de skatten fen de ierde bin
dines!
DE JONGEREIN.
Wis langje ik nei de striid, wis is it herte my r; ta died, o
Forskining. Folle ;nthjitst; my, en nei folle bin ik bigearich. Mar
fjuchtsje scil ik net for idele winst fen de wr;ld. Skat haw ik gen;ch;
biwarje my dy en ik bin r; dy to folgjen.
DE FORSKINING.
Frjemd liket it detst; in skat hawwe scoest yn sa greate forlittenheit,
o Jongerein fen Frysl;n. Macht en rykdom dije yn iensumheit net. Siz my
dyn skat en ik scil dy bettere wize.
DE JONGEREIN.
Myn skat is de tsjelke d;r’t de treast for Frysl;n yn is. S;nt hja
gyng, dronken d;r;t al ;s lieders en striders, en it wier hjarren it
libben. Unthjit my by it hillige de feiligens fen dit bisit en ik scil
gean d;rst; wiist.
DE FORSKINING.
Riker bist; as ik ealge, o Jongerein fen Frysl;n. Mar n;st myn jeften
is bleek en earm dyn skat. Lit der in boun w;ze twiske ;s en lit ;s
roalje fen jeften en de minsken scille knibbelje for dyn rykdom.
DE JONGEREIN, wizend nei de forskining.
Mei dyn wirden forriedst; dy, o machtich byld fen forlieding! Bil;z
oaren, ast; kinst, mar my scilst; earder w;ze ta feint as ta hear! Ik
ken dy, o forgonklike: Stof is dyn namme, en dyn w;zen is Skyn!
Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. De forskining fen de Stof is
gien, op hjar st; stiet in forskining, klaeid yn blinkend wyt, mei gjin
oare rissing as in ljochtsjend swird oan hjar side. De lyljes oan
wearskanten geane iepen en bloeije mei in heimsinnige gloede.
DE FORSKINING.
Bist; wekker en r;, o Jongerein fen Frysl;n?
DE JONGEREIN.
Untwekke bin ik fen it b;d fen myn dreamen, o goede forskining. R; ta
hwet moat ik w;ze?
DE FORSKINING.
Ta moanning en wytging bin ik dy stj;rd, o Jongerein ;t in ;lde stamme.
De tiid fen dyn dreamen is gien, meitsje dy op ta de striid. Eat
kostbers is dy bitroud, to kostber det it oantaest wirde mei fen de
wazem fen it forgean. Draeg it ;t yn de wr;ld, o Jongerein, til it mank
dyn folk omhegen.
DE JONGEREIN.
Lyts is myn moed en myn kr;ft sa earm, o goede Forskining. Oan sokke
teare hannen is dit greate bitroud. D; hast it ljocht en it witten; nim
d; it en ik wol dy folgje.
DE FORSKINING.
Neam my myn namme en wytgje my myn w;zen, o d; bitrouwende.
DE JONGEREIN, l;sterjend.
Geast is dyn namme en Wierheit dyn w;zen, o d; benedijde.
DE FORSKINING.
Dit is den myn wytging oan dy, o Jongerein fen Frysl;n. Hwetst;
warrest, is skat fen de minsken; minsken moatte it hoedzje en noedzje.
Nea kin ik nimme hwet dyn hannen bitroud is. Mar kr;ft scil dy jown
wirde ;t genede, ast; ynmoedich fregest.
DE JONGEREIN.
Goede geast, gean my foar en ik wol dy folgje, myn skat warjend yn
eigen hannen.
DE FORSKINING.
Neat kin ik dy biede, o jongerein, as in lange reize fen striid en
wirgens. Wachtsje net fen my hwet ik gjin macht haw to jaen; wachtsje
net it goed fen de ierde.
DE JONGEREIN.
Mar myn skat scil feilich w;ze?
DE FORSKINING.
Feilich scil w;ze dyn skat for aloan, o jonkheit.
DE JONGEREIN.
Ik wol komme, ik wol komme, o geast (_hy forriist alhiel_). W; my,
swier is de tsjelke en de wei fol neden.
DE FORSKINING.
Gean en gean aloan, o Jongerein fen Frysl;n.
Fen rjuchts komt, klaeid yn in dracht dy’t hjar foeget, mei in lange
r;zjende sleep, in nije forskining, dy’t hjar stelt yn de wei fen de
jongerein en him tsjinkeart.
DE IDELHEIT, laitsjend.
Ha, ha, ha! Yn in moaije ;tris forskynst; yn de wr;ld, myn frjeon. Dit
is dochs in bytke ;lderwetsk net, dit erfstik fen ieuwen? Wolst; bilake
wirde by ;tman en eigen? Sa scille de minsken oars net nei dy sjen as
mei meilijen en argewaesje!
Ien fen de Dreamen, dy’t yet leine, forriist, en giet stean neist de
jongerein.
DE SKIENTME.
Dyn spot scil him net reitsje, o Idelheit, al to iepenbier is dyn
earmoed. Forlit dizze wei dy’t dy ta fordylging wirdt. Hy giet net
allinne, de Skientme scil n;st him w;ze.
DE IDELHEIT.
Ah!....
Hja slacht de hannen foar de earen, en wykt ;t de romte. De jongerein
docht in stap foar;t. Fen rjuchts forskynt in grouwe en sleauwe foarm
yn kostbere ;tris mei greate w;zenleaze eagen.
DE DOMMENS.
Dit is in frjemde manear om dyn wei troch de wr;ld to siikjen, heite!
Hjir scilst; fier mei komme! Det in minske him sa oan syn
ljeafhabberijen forgrieme kin! Den moat men ek al fier hinne kommen
w;ze, net?
Ien fen de Dieden forriist en giet stean n;st de Jongerein.
DE KLEARENS.
Jow dy ;f, w;zenleaze Dommens. Mei al dyn ;nbidige swierens scilst;
gauwern;ch yn it neat forgean! Hjir is gjin heil fen dy to hoopjen,
siikje dyn oefte yn oarwei! Feilich scil er w;ze for dyn wanforstean,
hwent de Klearens is n;st him!
DE DOMMENS.
Soa, soa, soa.
Hy wykt fen it paed ;f en forlit de romte. De jongerein docht in tr;d
foar;t. Fen rjuchts forskynt in lange meagere frouljues-figuer mei
b;gde holle, pratend mei kriterich l;d.
DE MISMOED.
Der is neat mear to hoopjen, jongkeardel. D; hiest earder w;ze moatten.
Alles is forlern, ik skriem as ik derom tink. It is dien, en d; moatst
mar nei h;s ta gean. Och, och hwet is it libben den al in binaude
stoarje.
Ien fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet n;st de Jongerein stean.
IT BITROUWEN.
Der is mar ien mislearring, nommele frjeondinne, en det bist; sels. Wy
hawwe inoar al ris earder moete, wier? It stiet my net foar detste der
better fen wirden bist. Wy woene wol hwet oanmeitsje; it Bitrouwen
stiet foar dy. Wolst ;s hwet r;mte jaen?
DE MISMOED.
Och, och, och...
Hja bigjint to kriten en forlit de r;mte. De Jongerein docht in stap
foar;t. Fen rjuchts forskynt, yn earmtlike klean en riljend oer al syn
lea, in nije foarm.
DE LEFFENS.
Ho doarst;, ho doarst;! D; witst net hwetst; bigjinst! Ik wik dy, d;
hast it slimste to wachtsjen! Sokke spoeken ha ’k sjoen, it hert slacht
my der yet fen yn ’e kiel! Ik ryboskje de hiele wei l;ns!
Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet n;st de Jongerein stean.
DE MOED.
Wy binne net allegearre bang for ;s eigen skaed, ilindige leffens.
Wiswier, by in sk;ging as dines koe men der oars fen wirde. Mar
somliken geane ta gelok rjuchtop en eangje neat. D; forfeelst my,
meager spoek. Wolst; mei de Moed dy mjitte? Ut ’e wei, ef d; bist
forlern!
DE LEFFENS.
Oeoeoeh!
Hy filet ;t, s;nder weardichheit. De Jongerein docht in stap foar;t.
Fen rjuchts komt in rouwe wrede figuer yn in g;ns forsliten r;sting,
pratend mei in k;ld en hird l;d.
DE TWANG.
Ik warsk;gje dy. Gjin stap scilst; fierder gean. Ik ha dy nou
langern;ch bigean litten. Ik tocht, d; scoest wizer wirde, mar it wirdt
earder minder. Nou scil it ;t w;ze. D; giest tobek, ef oars....
De Jongerein tilt de skeal heger. Ien fen de Dieden jowt him oerein en
giet n;st de Jongerein stean.
DE FRIJDOM.
Scilst; it dr;fste fen dyn folle dr;ve forsinnen bilibje, o Twang. D;
witst dochs dyn earmtlike machtleazens oer de geast fen de minsken.
Njuggen tsjiende fen dyn wapens hast; forspile yn de striid om dy to
bihearskjen. Wolst; op dizze wei de Frijdom fennijs bistride? Wy binne
r;.
De twang skoddet syn f;st, mar swijt en wykt ;t de romte. De Jongerein
docht in stap foar;t. Fen rjuchts komt in stille, loerende figuer,
sl;penderwize, klaeid yn in barnend giel, pratend mei in heaske,
l;sterjende stimme.
DE HATE.
Al de oaren hawwe dy sparre. Ik scil dy net sparje. Ik bistriid rounom
tagelyk, ik kr;p yn dyn fleis en bloed, warleas biste tsjin my. Jow dy
oer yn myn tsjinst, ef d; scilst forstean hwa’t ik bin.
De l;ste fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet n;st de Jongerein
stean.
DE LJEAFDE.
Sa lang kenne wy dy al, o Hate. Mar ik woe detst; my oansjen woest. Den
scoest; de Ljeafde forstean. En der foroare eat yn dyn w;zen.
De hate sjucht hjar oan, mar foartendalik slacht er de mantel foar syn
eagen.
DE HATE, snokkerjend.
O....
Hy wykt ;t de romte. De Jongerein is kommen ta de forskining fen de
Geast, d;r’t er him op de knibbel foar deljowt; de Dreamen en Dieden
nige de holle.
DE JONGEREIN.
Goede geast, hjir bin ik. De wei wier net sa swier as ik tocht. Ik haw
myn skat biwarre. Kinst; my wije ta strider?
DE FORSKINING.
Yn de stoarm fen ;s tiden, yn de bitizing fen de folken, mar yn de
klearens fen de geast, draeg fierder en fierder dyn skat, o Jongerein
fen Frysl;n.
Hja rekket mei de punt fen hjar swird de krune fen de tsjelkdrager.
De foarhing sl;t.
„Ienkear scil de moarn forrize
Dy’t it nachtlik kwea bitwingt...”
Sang fen de Upstalbeam.
IT NJUGGENDE TAFRIEL
DE SISTERS FEN DE NACHT.
DE KENING FEN DE MOARNTIID.
DE TIID.
IT NIJE FRYSLAN.
DE JONGEREIN FEN FRYSLAN.
DE UPSTALBEAM.
WESTERGOA.
EASTERGOA.
DE SAUNWALDEN.
DE STEDDEN.
DE EILANNEN.
NOARD-FRYSLAN.
FRYSLAN OM UTENS.
Tsjuster. Opkomt in faem, dragend in brune mantel oer in klaed fen
foaren mei pompebl;dden forsierd, en in kr;nse fen reid en
forjit-my-netten op ’e holle; den forskine fen wearskanten twa
h;rolden, ;trist yn de kleuren fen Frysl;n. Hja blieze; de faem stekt
in silveren st;f omhegen en kindiget oan:
„Earne yn de kriten fen de takomst. De weromkomst fen Frysl;n.”
Hja geane en de foarhing l;kt iepen.
Men sjucht deselde w;ldseame as by it bigjin; allinne liket de yngong
mids efter eat heger. Oer de r;mte hinget in healtsjuster, d;r’t men,
flak by de yngong, trije greate, spineftige foarmen yn ;nderskaet, drok
dwaende de yngong ticht to meitsjen mei reagen. Rjuchts fen hjar, tsjin
de w;ldseam, klaeid yn in mantel fen himelblau mei stjerren bisiedde,
sit de Tiid, roungear. Hy h;ldt syn holle yn de hannen en liket as
slomjend; syn st;f leit n;st him.
IEN FEN DE SISTERS FEN DE NACHT.
It is net heal gen;ch. Mear reagen hawwe wy brek. Sok ilindich genifel!
Jim forsteane neat fen jim wirk. Jim moatte smoare, net fortsjusterje.
DE TWADDE.
Oei, oei, oei; ik bin sa wirch. It ljeafst makke ik fen al det spil in
b;d om op to sliepen. Lekker s;ft scoe det lizze.
DE EARSTE.
Lit my det yetteris fen dy hearre, sleauwe tutte! Det scil ik dy oars
yndruije! Skreppe en oanpakke scilst as net wolst det ik dy mei eigen
hannen de nekke omdraei!
DE TREDDE.
Jim kenne der allebeide neat fen. De ien wol fierstento hastich, en de
oar is to sleau. De ien docht alles forkeard, en de oar docht neat.
DE EARSTE.
In greate bek en in bytsje pielen sjitte wy ek neat mei op. Ik scil it
de Nacht trochdwaen ho gemien jim syn dj;re tiid forluiterje.
DE TWADDE.
Oei, oei, oei, nou ha ’k myn bikomst. De wr;ld moat himsels mar r;dde.
Ik wol my net forskreppe. Hjir hast myn frachtsje derby, Gystenskrep.
Hja smyt hjar trop reagen de earste yn it antlit.
DE EARSTE.
De eagen scil ik dy ;tklauwe, d; sleaukemoei, d; ding fen neat! In oar
litst; bodzje en sels spilest de jiffer! Mar d;r haste gjin troanje
for, Slieppekop!
DE TREDDE.
Och ljeave sauntjin, sa giet it hjir nou altyd. Nou fleane se mankoar
wer yn ’e hierren. Ik bigryp net hwet sokken yn de wr;ld dogge.
In ljochtstriel glydt oan, en rekket de tredde.
Au, au! Ik wik jim, sisters fen de Nacht, it ljocht is op kommen! It
barnt yn myn h;d!
DE EARSTE EN DE TWADDE.
W;! w;! nou komt er ;s dochs oer it mat! Det is dyn skild, dines! O! o!
fierder l;kt it, wy scille forgean!
DE TREDDE.
Wy moatte flechtsje! Foart, foart!
Mei wylde gjalpen str;ze hja ;t ’e r;mte wei. It ljocht glydt wiid en
roazich oer de r;mte. Beammen, kr;den en moas gl;nzgje yn de frissens
fen de moarn. Fen lofts komt, klaeid yn in mantel fen flamjend fj;r en
mei in strieljende kroane op ’e holle, de kening fen de Moarntiid. Oan
syn side hinget in swird, it h;nsel ynlein mei dauwepearels. Yn it
oanglidende ljocht giet er ta op de yngong, ;nderhellet syn swird en
klearret mei ien slach de yngong.
DE MOARNTIID.
De nije dei is bigoun! W;z wekker, o Tiid!
DE TIID, him oprjuchtsjend.
Ik wier net sliepend, o kening fen de Moarntiid. Nea bisiket de sliep
de eagen fen de Tiid. Mar sims haw ik fen mysels gjin witten. Hokker
dei is dit dy’t bigjint mei sa great in dage, o kening?
DE MOARNTIID.
Ta my kaem in stimme to sprekken: Meitsje dy op en siikje de Tiid,
meitsje dy op en gean ta it w;ld fen Frysl;n. Klearje de wei for de
kommende, hwent hjoed scil hja komme fennijs. Forljochtsje de l;nsdouwe
fen Frysl;n, det hja de eagen fen hjar Frouwe fornoegje.
DE TIID.
Hwet seist;, hwet seist;, o kening fen de Moarntiid! Sa scil hjoed it
antlit fen Frysl;n oan hjar folk wer forskine! Wol my det ik wersjen
scil dy’t sk;l gyng sa lang yn it grien fen hjar w;lden!
DE MOARNTIID.
It folk fen Frysl;n wirdt wekker, it komt himsels to forstean. Wider
weaget it ljocht oer syn fjilden, de skiere toerren en de romme
pleatsen, de l;sterjende w;lden en de riljende marren binne klear en
nij fen myn gl;ns. Net fier kin it earste l;d mear ;fw;ze fen ;s earen,
o Tiid.
DE TIID.
Hark.
S;ft, as yet yn fiere fierte, heart men in sjongen. Hiel stadichoan
wirdt it klearder. Men fornimt de meldije; en it binne twa fersen fen
it liet fen Colmjon: „Wy, wy litte ;s tael net farre”, dy’t men heart.
DE MOARNTIID.
It earste ;ntweitsjen is kommen. De dreechsten en klearsten fen it folk
bitinke hjar op it forline. Eat fen de wearde fen eigen sprake wirdt
hjarren forsteanber. Yet is it inkeld en twiivlich; faek scille de
winen fen de moarntiid it wer forwaeije. Wytgje my: hwet is der fen de
dei, o Tiid? Scil op dizze earste en tearste l;den Frysl;n forskine?
DE TIID.
Hja forriist fen hjar b;d fen blommen en kr;d earne yn it hert fen it
w;ld. Skerp leit hja it ear to l;sterjen, en hja glimket. Mar hja
bringt hjar h;n oan de foarholle en tinkt. Tofolle yn dit sjongen
forstiet hja it priizgjen fen it forline allinne. Hja tinkt oan lang
lyn. Hja toevet en komt yette net. Hark.
Eat tichterby, mar yette op fiere ;fst;n heart men sjongen fennijs.
Dizz’ kear binne it it earste en l;ste fers fen van der Burg’s: It
Heitel;n.
DE MOARNTIID.
Kr;ftiger wirdt it l;d, greater earnst wirdt forsteanber. Net ljeafde
ta l;n en sprake allinne, eat fen it witten fen de siele fen Frysl;n
wirdt iepenbier. Ik hear de l;den klinken fen Noard ta S;d, ik sjuch de
rigen hjar foarmjen. Wytgje my, hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil op
dit greatst ;nthjit fen Friezene herten Frysl;n forskine?
DE TIID.
Hja makket hjar op ta it bigean fen de bidauwe paden. Hja glimket net
mear, yn hjar eagen is in gl;ns fen earnst. Hja forstiet, de trou oan
hjar komt to libjen ;nder hjar folk. Mar hja mist yette it l;d fen de
jonkheit en hja wachtet yn langstme. Hja toevet en komt yette net.
Hark.
Tichteby heart men sjongen fennijs, dizz’ kear twa fersen fen de
Jongfryske Findelsang. It l;d klinkt al klear oer de romte.
DE MOARNTIID.
Kommen sjuch ik ta de seame fen dit w;ld, de jongerein fen Frysl;n. Yn
hjar hannen draegt hja in gl;nzgjende tsjelke, teare en sterke
forskinings geane myld om hjar hinne. Fierder giet de stoet oer de
klearens fen de mieden, blommen en herten geane iepen fen myn ljocht.
Wytgje my: hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil by dizze gl;ns fen
jonge wijing Frysl;n forskine?
DE TIID.
Ik sjuch hjar, hja stiet oan it bigjin fen de wei dy’t nou nij foar
hjar ;tleit. Yn hjar hannen hat hja de kroane dy’t de Geast hjar bea;
hja siert hjar hier d;rmei, ta in tsj;genis fen hjar w;zen. Mar hja
nimt de hannen gear en freget de ienheit fen hjar folk. Hja toevet en
komt yette net. Hark.
Oan de grins fen de r;mte dy’t men oansk;get klinkt in sjongen fennijs.
Nou heart men twa fersen fen de sang fen de Upstalbeam. De kening fen
de Moarntiid keart it antlit ta rjuchts.
DE MOARNTIID.
In findel sjuch ik, blinkend yn it nije ljocht fen de moarn. Breed
wreidet in m;nske iik d;rop syn t;ken fen ieuwen ;t. Ik l;z de wirden
;nder det findel, en hja binne: _rursum viridis_, grien fennijs. Ik
sjuch it folk d;refter yn greate rigen. Wytgje my, hwet is der fen de
dei, o Tiid? Scil by de groetenis fen dit findel Frysl;n forskine?
DE TIID.
Hja str;st oan oer de paden fen de bidauwe bosk, yn hjar herte it
langstme. Iepen geane de w;ldfioelen, en de f;gels sjonge it lok oer
hjar ;t. Fierder en fierder str;st hja en rounom nige de beammen. Hja
forstiet de ienheit fen hjar folk, hja scil forskine.
Fen trije kanten tagelyk wearklinkt in koarte kr;ftige baz;nstjit.
Tagelyk forskine fen lofts de Jongerein fen Frysl;n, de tsjelk h;ldend
yn hjar hannen, folge fen de Dreamen en Dieden, dy’t de wei mei hjar
gyngen; fen rjuchts in findeldrager mei it biskreaune findel fen de
Upstalbeam, folge fen in folksrige, symbolysk forbyldzjend; fen efter
fjouwer jonges en famkes, Fryske miedeblommen en inkelde roazen d;rmank
struijend foar de foetten fen Frysl;n, en yn hjar formidden Frysl;n
sels. Rjuchtop stiet hja, in mylde en yet jonge forskining, kroane mei
de kroane fen de Geast.
DE TIID.
Ik dy’t it earste dy moete, hwaens fjilden d; sokke lange en swiere
ieuwen bigyngst, hwaens fjilden d; nou wer bigean scilst fen nijs,—o
mei it w;ze ta lok fen dyn folk en ta dines—, doch dy myn groetenis, o
Frysl;n.
DE MOARNTIID.
Ik, hwaens strielen it bigjin fen dyn nije dei forljochten, en dy’t
opkommen seach ;t it tsjuster de kr;ften fen dyn folk, ien for ien, nij
en sterk yn it witten fen dyn weromkomst—o mei hja w;ze for jimmer—doch
dy myn groetenis, o Frysl;n.
DE JONGEREIN.
Ik, oan hwaens hannen nei in rige fen swiere ieuwen de tsjelke fen dyn
Treast bitroud waerd, dy’t ik dy suver en ;nskeind weromwij, ik, dy’t
great wirden bin yn dyn hope en my yn dyn ljeafde ;ntjown ha, doch dy
myn groetenis, o Frysl;n.
Nigend set er de tsjelk foar de foetten fen Frysl;n del.
DE UPSTALBEAM.
Ik, for hwa’t it opkaem dyn ienheit fen nijs to stiftsjen as it
;n;fwiisber bitingst for dyn weromkomst, dy’t my opmeitsje striidber
fierder to gean for dy—o mei it w;ze s;nder de ;nsillige ;lde
forblining,—doch dy myn groetenis, o Frysl;n.
Fen lofts komt op in faem, dragend it findel fen Westergoa; by de
folgjende hilde forskine de draechsters om bar fen lofts en fen rjuchts
en stelle hjar om bar op rjuchts en lofts fen Frysl;n.
WESTERGOA.
De ;lde goa fen Westergoa, d;r’t de terpen lizze, it honk fen dyn bern
s;nt it bigjin fen dyn stoarje, docht dy hjar groetenis, o Frysl;n.
EASTERGOA.
De ;lde goa fen Eastergoa, d;r’t de w;lden r;zje, d;r’t de striid om
dyn hillichheit en dyn Kristendom striden waerd en bieine, docht dy
hjar groetenis, o Frysl;n.
DE SAUNWALDEN.
De jonge goa fen de Saunw;lden, fruchtber en tierich makke fen dyn bern
yn in nommel en great wirk fen frede, docht dy hjar groetenis, o
Frysl;n.
DE STEDDEN.
It ketier fen de st;dden, ienris it meast fen dyn sprake forfrjemde,
nou fen nijs forfolle fen dyn w;zen en dyn l;d, docht dy syn groetenis,
o Frysl;n.
DE EILANNEN.
De lange rige fen eilannen, d;r’t de sk;mjende s; tsjin briek, de meast
omfochten en omstoarme dielen fen dyn l;nsdouwe, dogge dy hjar
groetenis, o Frysl;n.
NOARD-FRYSLAN.
De mienskip fen de Noard-Friezen, skaet fen it staml;n, mar biwarjend
dyn sprake en dyn w;zen, docht dy hjar groetenis, o Frysl;n.
FRYSLAN OM UTENS.
De mienskip fen de Friezen dy’t honk en brea siikje moasten om utens,
mar dy’t yn de kjeld en de tropen fen it ;tl;n yette dyn ljeafde
biwarren, docht dy hjar groetenis, o Frysl;n.
FRYSLAN.
Frysl;n docht dy hjar groetenis, o folk fen Frysl;n! Djip wierst;
fallen en sonken, mar de kr;ft fen de ;lde stamme forliet dy net.
Fennijs sjuch ik dy stean, safollen as myn stamme nou telt, safollen de
lottering fen myn skiednis oerlibben. Fennijs scil ik gean mids jim
greiden en w;lden, oer de gl;ns fen jim marren, en gjin bern fen
Frysl;n ef it scil myn wijing yn syn herte forstean—
Dit is myn foarste wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben:
om de tiid d;r’t jim striid yn is, to forstean. De eardere slachten
dy’t my tsjinnen, joegen my folle greats: yn de gielgoede fen myn
;nth;ld leit it biwarre as in skat, en Frysl;n scil hjar hjar eare
wiswier net ;nth;lde. Mar nou moatst; stean yn in oare wr;ld, o myn
folk, en yn oar formidden moatst; dyn w;zen biwarje. Forstean det ik
net bin fen de Stof, mar fen de Geast. Meitsje my great yn de forkleare
kontreijen—
Dit is myn twadde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben:
gjin wirk lyts to achtsjen det dien wirdt for my. Somliken r;p ik ta
greate sk;ging en kr;ften, oaren ta it dimmene wirk fen de sljuchte
;ren. Mien net det ik lean jow neffens greatens, tink net det ik
tankber bin for skientme allinne. Sa hwa’t arbeidet for my mei de trou
fen syn herte, lean en tank scil er hawwe by my, die er ek it lytste
wirk for Frysl;n—
Dit is myn tredde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben:
warje jim ienheit, warje jim ienheit foar alles. Rjuchtlik is ;s wirk,
rjuchtlik ;s striid, mar machtich is it misbigryp fen de wr;ld. Sjuch
ta det nea net nije bitizing ;ntstiet yn jim herten en fen nijs jim
fiert yn ’e lichte. Sa hwa’t my siket, scil my fine; stridend yn de
klearens fen Frysl;n, net for jimsels, mar for my allinne, scil jim
ienheit sterk stean tsjin eltse bitizing.
Ik groetsje dy, o folk fen Frysl;n. H;ld dyn st;f omhegen, o Tiid; lit
dyn ljocht rize ta de dei, o Moarn. Myn skiednis bigjint fen nijs.
De Tiid tilt syn st;f omhegen, oer de r;mte l;kt it folle ljocht fen de
dei. In s;ft sjongen wirdt fornommen, op, foar en efter de r;mte; it
binne de foarste rigels fen de nije folkshymne. Ringen sterket it
sjongen oan; den wirdt de r;mte it sk;gjen ;nttein.
De foarhing sl;t.
— E I N. —
*** END OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK FRYSL;N ***
Ñâèäåòåëüñòâî î ïóáëèêàöèè ¹225052001153